Lockheed P-2 Neptune

Ut Wikipedy
Lockheed P-2 Neptune


Rol patrûljefleanmasine, ûnderseeboatferkenning en -bestriding.
Makker Lockheed
Earste flecht 17 maaie 1945
Yn tsjinst Maart 1947
Ut tsjinst 1984 (militêr gebrûk)
Tal makke 1.118 (1946-1962)
Grutste brûkers United States Navy, Japan, Royal Australian Air Force, Royal Canadian Air Force
Fariant Kawasaki P-2J
In P2V Neptune as brânblusfleantúch

De Lockheed P-2V (letter P-2) Neptune wie in maritym langeôfstanspatrûljefleanmasine ornearre foar ûnderseeboatferkenning en -bestriding. It tastel waard troch de firma Lockheed ûntwurpen foar de Amerikaanske marine om de ferâldere typen PV-1 Ventura en PV-2 Harpoon te ferfangen.

Skiednis yn it koart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't in lyts tal tastellen oanpast waard foar it gebrûk fan fleandekskippen ôf, wie it ûntwerp yn it foarste plak gaadlik foar gebrûk fanôf fleanfjilden. De fleanmasine wie in súkses wat eksport oanbelanget en hat (lang) tsjinne yn ferskate kriichsmachten yn de hiele wrâld.

Ek by de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hat de Neptune lange tiid tsjinne. De MLD-tastellen wienen yn it earstoan fan it type P-2V5 (12 stiks yn it tiidrek 1958-1962) en letter fan it type P-2V7 (1962-1984, earst 15, letter oanfold mei fjouwer fan de Frânske marine). De P-2V7's binne letter ferboud ta SP-2H. Se wienen doetiids yndield by 320 en 5 squadron op de basis Valkenburg by Katwyk oan See.[1]

It oarspronklike ûntwerp wie al út de earste jierren fan de Twadde Wrâldkriich, mar rekke fan 1944 ôf yn in streamfersnelling doe't dúdlik waard hoe ienfâldich produksje en ûnderhâld fan it tastel wie. Letter die bliken dat beide faktoaren ek krusiaal wienen by de wrâldwide útfier en by de lange operasjonele libbensdoer fan it tastel.

De earste flecht fan de Neptune wie yn 1945 en de produksje waard al yn 1946 mei úteinset. Yn 1947 waarden de earste Amerikaanske squadrons operasjoneel.

De lettere ferzje fan de Neptune waard ien fan de earste tastellen dy't tagelyk sûgermotoren en strielmotoren hienen.

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Marine Loftfearttsjinst demonstrearret de Lockheed Neptune as nijste oanwinst yn 1954

De firma Lockheed boude yn de rin fan de tiid in grut ferskaat oan ferzjes fan it súksesfolle tastel:

  • XP2V-1 - Prototype, 1 levere
  • P2V-1 - 1e produksjeline, 15 levere
  • P2V-2 - 2e produksjeline, 81 levere.
  • P2V-2N ‘Polar Bear’ – mei sky's, 1 levere.
  • P2V-3 – Ferbeterre motoren, 83 levere.
  • P2V-3C – Oanpast foar fleandekskippen, 11 levere.
  • P2V-3B – Ombou P2V-3,-3C en -3W modellen mei ASB-1 Low Level Radar Bombing System, 16 levere.
  • P2V-3W - Airborne Early Warning ferzje mei APS-20 radar, 30 levere.
  • P2V-3Z – VIP/gefjochts-transport, 2 levere.
  • P2V-4 (P-2D) – Mei ferbettere motor en brânstofkapasiteit, 52 levere.
  • P2V-5 – Mei bewapene noaskoepel, APS-20 en APS-8 radars, afwerpbare tiptanks. Lettere modellen hienen, yn stee fan noas- en sturtgeskutskoepels in waarnimmingskoepel yn de noas en Magnetic Anomaly Detection (MAD)-ark oan de sturt. 424 levere, 12 oan de MLD.
  • P2V-5F (P-2E) - Modifikaasje mei Westinghouse J34 strielmotoren yn 't plak fan de raketsmiters ûnder de wjukken; ek koene mear wapens meinaam wurde.
  • AP-2E - P2V-5F mei SIGINT/ELINT apparatuer foar US Army Fietnam.
  • P2V-5FD (DP-2E) - P2V-5F mei doeltôch-/lansearringkapasiteit op it plak fan de standertbewapening.
  • P2V-5FE (EP-2E) - P2V-5F mei Julie/Julie ûnderseeboatbestridingsark, mar sûnder de oanpassings fan de P2V-5FS (SP-2E); apart foar US Naval Reserve makke.
  • P2V-5FS (SP-2E) - P2V-5F mei Julie/Jezebel-apparatuer.
  • OP-2E - Tarisd foar Operation Igloo White by it Observation Squadron 67 (VO-67), 12 omboud.
  • P2V-6 (P-2F) - Mynsmyt kapasiteit, APS-70 radar, ferbettere motoren, 83 levere.
  • P2V-6B - AUM-N-2 Petrel lansearynrjochting.
  • P2V-6M (MP-2F) - Eardere P2V-6B’s, 16 levere. M betsjutte missile carrier, mar waard letter feroare yn multi-mission.
  • P2V-6F (P-2G) - P2V-6/P-2F mei J34 strielmotoren.
  • P2V-6T (TP-2F) – Sûnder bewapening en tiptanks.
  • P2V-7 (P-2H) – De lêste Neptune fariant mei bettere sûgermotoren, standert strielmotoren, ferbettere tiptanks, APS-20 radar, fergrutte cockpitdak, observaasjenoas, MAD sturtbeam en observaasjeruten yn de doarren, 311 fan levere.
  • P2V-7LP (LP-2H) - Mei sky-lâningsgestel en Jet Assisted Take Off (JATO) startmooglikheid, 4 fan levere.
  • P2V-7S (SP-2H) – Gelikense fan de P-2H ferzje, mat mei ekstra Julie/Jezebel ûnderseeboatbestridingsapparatuer. 19 oan de MLD levere.
  • P2V-7U – De marine oantsjutting foar de RB-69A.
  • AP-2H – Foar grûnoanfallen, foar Heavy Attack Squadron 21 (VAH-21), mar 4 omboud.
  • RB-69A – Ferkenningstastel mei Side Looking Airborne Radar (SLAR), 5 levere en 2 omboud. De tastellen waarden troch de CIA brûkt, mar hienen USAF kentekens. 2 dêrfan tsjinnen oant 1961 yn Europa en 5 yn Aazje. Hiervan ging er 1 door een crash verloren en werden er 4 neergeschoten door de Folksrepublyk Sina.
  • Neptune MR.1 – Britske oantsjutting foar 52 ôflevere P2V-5’s.
  • CP-122 Neptune – Kanadeeske RCAF-oantsjutting foar 25 P2V-7’s. De strielmotoren waarden der letter oanset.
  • P-2J (P2V-Kai) - Japanske fariant dy't fan de firma Kawasaki T64 turbopropmotoren krigen; 82 levere.

Technyske feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

P-2H
Feiten (P2V-2)[2] Feiten (P2V-5F) Feiten (P2V-7)
Bemanning: 7 10 10
Lingte: 23,8 m 27,8 m 27,83 m
Spanwiidte: 30,5 m 31,65 m 31,65 m
Hichte: ? m ? m 8,94 m
Topfaasje: 515 km/o 520 km/o 586 km/o
Krúsfaasje: 287 km/o 333 km/o 300 km/o
Fleanberik: 6.410 km 7.650 km 7.000 km
Tsjinstplafond: 7.925 m 7.700 m 6.830 m
Gewicht leech: ? t 18,9 t 19,5 t
Startgewicht: 28,6 t 34,5 t 36,3 t
Oandriuwing: 2 stjermotoren Wright R-3350-24W mei 2.090 kW startfermogen 2 Stjermotoren Wright R-3350-30W fan 2.800 kW en
2 Westinghouse J34-WE-34 strielmotoren
2 Stjermotoren Wright R-3350-32W Cyclone fan 2.985 kW en
2 Westinghouse J34-WE-36 strielmotors
Bewapening: Maks. wapenlading 3.629 kg. Ophingpunten foar net-late loft-grûn-raketten ûnder de fleugels,
Bommebuis foar djiptebommen, torpedos en seeminen

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens (in) [bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Neptunes operearren yn 't earstoan ek fan it fleanfjild Biak yn Nij-Guinea ôf
  2. vectorsite: The Lockheed P2V Neptune & Martin Mercator