Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Loadewyk de Beier)
Loadewyk de Beier yn ornaat fan it Hillige Rooomske Ryk

Loadewyk IV, ek wol: Loadewyk de Beier, út it geslacht Wittelsbach, (München, 1 april 1282 - Puch by Fürstenfeldbruck, 11 oktober 1347) wie in Dútske kening fan 1308 oant 1347 .

Nei de dea fan Hindrik VII waard hy troch on diel fan de Dútske adel as kening keazen mar in oar diel keas Freark de Skoandere. Loadewyk fersloech syn tsjinstanner yn 1322 by de Slach fan Mühldorf. Hy rekke deilis mei paus Johannes XXII dy't doe yn Avignon wie.

Yn 1328 gie hy nei Rome ta en liet him ta keizer kroane. Hy beneamde der teffens in Fransiskaan ta tsjinpaus ûnder de namme Nikolaas VI. Syn belangryskte riedjouwer wie Marsilius van Padua. Hy rekke ek noch yn konflikt mei de Frânske kening, mar lei it skeel wer by. Under syn regearing waard beslist dat de ferkiezing fan de Dútske kening troch de keurfoarsten gjin pauslike tastimming nedich hie.

Hy is de soan fan Loadewyk de Strange en Mathildis fan Habsburch. Loadewyk IV stifte de abdij fan Ettal yn 1330.

Loadewyks frou wie Beatrix fan Sileezje-Glogau († 1322). Harren bern wienen:

Loadewyks twadde frou wie Margaretha, suster fan Willem IV fan Hollân, se boasken op 25 febrewaris 1324. Harren bern wienen:

Dêrtroch kaam, nei de dea fan Willem IV, it greefskip Hollân ûnder it gesach fan de Beierske Hartoggen.