Lizzy Ansingh

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan Lizzy Ansingh fan har muoike Thérèse Schwartze

Maria Elisabeth Georgina (Lizzy) Ansingh (Utrecht, 13 maart 1875 - Amsterdam, 14 desimber 1959) wie in Nederlânsksk keunstskilderesse.[1] Sy hearde ta de skildergroep de Amsterdamse Joffers.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Ansingh wie in dochter fan apteker Edzard Willem Ansingh en Clara Theresia Schwartze. Se wie in pakesizzer fan de keunstskilder Johann Georg Schwartze en in nichtsje fan de skilderesse Thérèse Schwartze, dy't har ek de eartste tekenlessen joech. Sy wenne sechtjin jier by har muoike, dy't har oantrune en har yn'e kunde brocht mei in protte doetiidske skilders, ûnder oaren Frânske ympresjonisten en de Nederlânske keunstners George Hendrik Breitner, Piet Mondriaan en Simon Maris.

Fan 1894 oant 1897 besocht se de Amsterdamske Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten[2]. Dêr krige sy les fan de perfesters August Allebé, Nicolaas van der Waay en Carel Dake.

Oan de akademy ûntstie in freonerûnte fan keunstnaressen dy't letter de namme de Amsterdamse Joffers krige; it wiene de skilderessen Lizzy Ansingh, Marie van Regteren Altena, Coba Ritsema[3], Ans van den Berg, Jacoba Surie, Nelly Bodenheim, Betsy Westendorp-Osieck en Jo Bauer-Stumpff. It belang fan de Amsterdamse Joffers wie dat sy tsjinnen as rolmodel foar oare keunstnaressen yn Nederlân, fral fanôf de jierren satich fan de tweitichste ieu.[4][5]

Ansingh wie lid fan de Amsterdamke keunstrûnten Arti et Amicitiae en Sint Lucas.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Neist it skilderjen fan portretten waard Ansingh ek beken fan it skilderjen fan poppen[6][7], ek dêr yn wer oanmoedige troch har muoike Thérèse Schwartze. Sy skildere sênes út har 18e ieuske kammenetpoppehûs, dat hja yn 1910 op in feiling kocht hie. Boppedat skreau se twa berneboekjes mei gedichten:[8] `n Vruchtenmandje, ferskynd yn 1927 en Tante Tor is jarig[9]. Dat boekje út 1950 waard yllustrearre troch Nelly Bodenheim. Njonken dat ûntwurp se boekbânen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Instituut voor Nederlandse Geschiedenis
  2. Geschiedenis Rijksakademie
  3. Instituut voor Nederlandse Geschiedenis - biografy Coba Ritsema
  4. Glorie, Ingrid (2000) Juffers en Joffers: een eerbewijs aan vrouwen in de schilderkunst útj. De Doelenpers ISBN 90-70655-27-6
  5. Buunk, Frank, Bettine Flesseman en Liesbeth van Keulen (2008) Video: Amsterdamse Joffers met historische filmbeelden en interviews útj. Biografie van Amsterdam (UvA) op YouTube - Opmerking. Frank Buunk relativearret it belang fan de Amsterdamse Joffers omdat sy net fernijend wienen. Dat mei sa wêze út it perspektyf fan it modernisme wei, dat hieltyd fer nijing fan de keunst ferlangde. Lykwols út it tsjintwurdich hearskjende postmoderne wittenskipsopfetting wie, wurdt soksoarte perspektyf net mear hantearre. Histoarysk en sosjologysk besjoer binne de Joffers in wichtich ferskynsel yn de Nederlânske keunstskiednis [1]
  6. De poppenwereld van Lizzy Ansingh De poppenwereld van Lizzy Ansing (1875-1959)
  7. Ofbylden fan de poppeskilderijen fan Ansingh
  8. Ansingh, Lizzy Tante Tor is jarig [2]
  9. Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse letteren (DBNL) auteur: Lizzy Ansingh

Boarnen