Livingstonewetterfallen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Livingstonewetterfallen yn de omkriten fan Kinshasa

De Livingstonewetterfallen binne in rige elkoar opienfolgjende wetterfallen yn de ûndernrin fan de Kongo yn it ôfwetteringsgebiet Pool Malebo yn Kongo-Kinshasa.

Oer in ôfstân fan himelsbreed 350 kilometer hawwe de wetterfallen in ferfal fan 270 meter en einigje yn de omkriten fan Matady yn de provinsje Kongo-Sintral. De rivier hat it heechste debyt trochstreamend wetter op de Amazône nei yn Brazylje.

Nettsjinsteand dat de wetterfallen ferneamd binne nei David Livingstone hat er dat part fan de Kongorivier nea besocht. De wetterfallen waarden letter nei him ferneamd troch de sjoernalist en ûntdekkingsreizger Henry Morton Stanley.