Liudolf fan Brunswyk
Liudolf fan Brunswyk wie in Fryske greve út de 11e ieu dy't hearske oer Mid-Fryslân. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de Brunoanen-dynasty.
[bewurkje seksje] Skiednis
Liudolf wie in telch út in aadlik skaai ôfkomstich út Nedersaksen, yn Dútslân. Hy wie in soan fan Bruno I (Greve fan Derlingao) en Gisela fan Swaben. De lettere Roomske keizer Hindrik III wie syn healbroer.
Hy troude mei Gertude en hja krigen fjouwer bern. Sa om-ende-by it jier 1000 waarden de Fryske greefskippen Eastergoa, Sudergoa en Westergoa oan him tawiisd. Hy soe oant syn dea de Fryske gebieten bestjoere en nei him noch twa generaasjes Brunoanen. Op hokker wize de Brunoanen oan harren greefskippen kamen, is ûnbekend alhoewol't der wol in teory is dy't der fan útgiet dat Liudolf mei geweld de hearskippij oer Fryslân tusken Fly en Lauwers oan de greven fan Hollân ûntnomd hat. Liudolf hie in dochter Matilde dy't trout wie mei kening Hindrik I fan Frankryk.
Echte feitlikheden út it libben fan Greve Liudolf binne net bekind. Hy ferstoar yn 1038 en waard opfolge troch syn soan Bruno III.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|