Little Rock (Arkansas)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Little Rock
LittleRock panorama.JPG
Sifers
Ynwennertal 193.524 (2010)
Oerflak 302,5 km²
Befolkingstichtens 643 / km²
Stêdekloft 699.757
Hichte 102 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arkansas
County Pulaski
Oar
Stifting 1821
Tiidsône CST (UTC-6)
*Simmertiid CDT (UTC-5)
Koördinaten
Webside Webside fan Little Rock
Kapitoal fan Arkansas
Lizzing fan Pulaski County mei Little Rock yn Arkansas
Little Rock Old State House. Hûs út de Frânske tiid

Little Rock is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Arkansas en ek it haadplak fan Pulaski County. De stêd waard 1722 stifte troch de Frânsken en krige de namme "La Petite Roche", ferneamd nei in rots dy't út de rivier de Mississippy omheech stuts.

De Amerikaanske presidint Bill Clinton waard berne yn it tichteby lizzende Hope. Letter waard hy gûverneur fan Arkansas en wenne er yn Little Rock. Little Rock hat ek it Clinton Presidential Center.
De rockband Evanescence komt út Little Rock.

Demografy [bewurkje seksje]

William J. Clinton Presidential Center
Bibleteek yn it sintrum fan Little Rock

Fan de befolking is 11,6 % boppe de 65 jier en bestiet foar 33,8 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 3,6 % (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 6,8 % fan de befolking fan Little Rock bestiet út hispanics en latino's, 42,3 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,7 % fan Aziatyske oarsprong.

It ynwennertal gie omheech fan 177.086 yn 1990 nei 191.930 yn 2009.

Klimaat [bewurkje seksje]

Trochsneed temperaturen

Jannewaris hat in trochsneedtemperatuer fan 3,9 °C, yn july is dat 27,7 °C. Der falt trochstrings 1291,8 mm delslach it jier (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).







Berne yn Little Rock [bewurkje seksje]