List mei offisjele wetternammen yn Fryslân

Ut Wikipedy

De List mei offisjele wetternammen yn Fryslân is in list mei wetternammen yn de lokale taal út 2005. Foar Harns wie dy taal it Nederlânsk, foar It Bildt en de Stellingwerven wie dat sawol Frysk as de eigen taal, en foar de oare gemeenten yn fan Fryslân wie dat it Frysk.

Oanpassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De list is yn earstenoan útwurke troch Versloot-kartografy yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Dêrnei hawwe de gemeenten der nei sjoen en is de list oan harren advizen oanpast. Op 15 maart 2005 waarden troch Provinsjale Steaten fan Fryslân de nammen op de list fêststeld as de offisjele wetternammen, mei in oergongstiid fan in jier. Sûnt 15 maart 2007 wurde dy nammen brûkt as offisjele wetternammen yn Fryslân.

Grûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ear't de list mei offisjele wetternammen yn Fryslân ynfierd waard, wiene ornaris Nederlânsktalige nammen offisjeel yn de ûnderskate gemeenten. It wie ek net altiten like dúdlik fêstlein wêr't in namme foar wie. Fanwege de nammen op gemeentlik nivo wienen der ek wetters dy't op de gemeentegrins ynienen in oare namme krigen. No is dat yn in stikmannich sitewaasjes hieltyd noch sa, mar dan allinnich op de provinsjegrins.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]