List fan religys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De religys fan 'e wrâld kinne yn beskate groepen yndield wurde. Foar dizze list fan religys is keazen foar in yndieling dy't basearre is op de ûntsteanstiid. Dat wol sizze, dat godstsjinsten dy't yn 'e selde tiid ûntstien binne, byinoar yn in groep pleatst binne.

Dizze list befettet allinne libbene religys.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De âldste religys

De earste groep wurdt foarme troch de religys dy't troch natoerlike prosessen ûntstien binne, dus sûnder dat der in oanwiisbere tiid of stifter wie.

[bewurkje seksje] De Spiltiidreligys

De twadde groep wurdt foarme troch de religys út de Spiltiid, de perioade fan 800 oant 200 f.Kr..

[bewurkje seksje] De monoteïstyske religys

De trêde groep binne godstsjinsten dy't it bestean fan mar ien god erkenne.

[bewurkje seksje] De synkretistyske religys

De fjirde groep omfet it synkretisme, it gearranen fan ferskillende religys of fan ideeën út ferskillende religys.

[bewurkje seksje] De mystike religys

Ta de fiifde groep hearre bygelyks de sekten dy't it bestean fan UFO's mei harren leauwe ferminge, mar ek libbensbeskôchlike groepen lykas de frijmitselderij, dêr't net mei wissichheid fan sein wurde kin at it al as net religys binne, mar dy't yn frijwol alle neislachwurken al by de religys behannele wurde.

[bewurkje seksje] De nije easterske religys

De sechde groep bestiet út religys dy't fuortkomme út of fuortbouwe op 'e âlde easterske religys.

[bewurkje seksje] It ateisme

Apart kin noch neamd wurde it ateisme, dat fansels gjin religy is, mar wol in libbensbeskôging dy't út it ferskynsel religy fuortkomt.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen