List fan bylden op It Hearrenfean

Ut Wikipedy

Dit is in (ûnfolsleine) gronologyske list fan bylden op It Hearrenfean. Under in byld wurdt hjir ferstien elk trijediminsjonaal fisueel keunstwurk yn de iepenbiere romte fan de gemeente It Hearrenfean, wêrby't byld brûkt wurdt as sammelbegryp foar skulptueren, stânbylden, ynstallaasjes en oare byldhouwurken.

Jierrenlang hie Us Famke in byldbepalend plak by de Lindegracht op It Hearrenfean. It moast yn 2007 wike omdat op de lokaasje fan it byld in nije setten waard as neitins oan de op It Hearrenfean berne Wim Duisenberg. Dit late ta wat argewaasje ûnder de befolking. De byldhouster fan Us Famke gie lykwols akkoard mei it nije plak, wêrfan de smûke sfear neffens har goed by it byld past.[1]

Setten Omskriuwing Keunstner Strjitte Plak Materiaal Ofbyld
1949 Oarlochsmonumint Vreugde, MariusMarius Vreugde It Hearrenfean natuerstien
1974 Fedde Schurer Hellegers, GuusGuus Hellegers Rishon Le Zionplein It Hearrenfean brûns
1992 De Muzykman of Paulus Jakje Dam, GosseGosse Dam Jobbegea brûns
1993 Heine Noordstra
1994 Abe Lenstra Ram, FransFrans Ram Huismanstrjitte It Hearrenfean brûns
2003 Oarlochsmonumint ûnbekend Ketlik swerfstien mei graniten plaat
2007 Wim Duisenberg Ram, FransFrans Ram Lindegracht It Hearrenfean brûns
ûnbekend Us famke ûnbekend neist Posthûs Teater It Hearrenfean brûns
ûnbekend Clément van Maasdijk Pander, PierPier Pander by sikehûs It Hearrenfean

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Us Famke maakt plaats voor Wim Duisenberg