Lisa Top

Ut Wikipedy

Lisa Top (Gouda, 1996) is in turnster. Lisa turnet sûnt augustus 2009 by TSH op It Hearrenfean, dêrfoar ûnder oare by K&V Opmeer. Se treent sa'n 32 oere wyks en wennet by it gastgesin op It Hearrenfean.

By it Fryske sportgala waard se útroppen as sporttalint fan it jier 2011. Top krige har titel benammen troch har prestaasjes op it NK yn It Hearrenfean, dêr't se fiif gouden medaljes wûn.

Se turnet yn 2012 yn de Earedifyzje by de junioren en sit iyn de seleksje fan Jong Oranje. Har sportive hichtepunten oant 2012 binne in sânde plak yn de mearkamp en de tastelfinale flier by de Jeugd Europeeske Kampioenskippen (2010) yn Birmingham en de titel op it NK yn 2011. By de EYOF yn it Turkske Trabzon helle Top it tsiende plak yn de mearkamp.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: