Lisa Fischer

Ut Wikipedy
Lisa Fischer, Oslo (2016)
Lisa Fischer mei de Stones yn Hyde Park (2013)

Lisa Fischer (Brooklyn, 7 desimber 1958) is in Amerikaanske R&B-sjongster en songwriter, ferneamd fan har hege stim en de hitsngle út 1991, "How Can I Ease the Pain".

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fischer waard berne yn de wenwyk Fort Greene fan Brooklyn, New York City. Oan it begjin fan har wurkpaad begeliede hja Luther Vandross by ferskate toernees en wie hja ek eftergrûnsjongster by Billy Greene en Melba Moore.

Fischer krige in Grammy Award foar de Best Female R&B Vocal Performance yn 1992. Fan mids 90-er jierren ôf oan waard net folle mear fan har fernaam.

Letter gie se geregeldwei mei de Rolling Stones op toernee en trede se ek op mei Tina Turner.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solo albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1991 - So Intense
  • 1992 - O Come All Ye Faithful-Home Alone 2 Lost In New York

Mei de Rolling Stones[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis
1991 Soul Train Music Award for Best R&B/Urban Contemporary Single - Foar "How Can I Ease the Pain" (wûn)
1991 Grammy Award for Best Female R&B Vocal Performance foar "How Can I Ease the Pain" (wûn)
1991 Grammy Award for Best R&B Song foar "How Can I Ease the Pain" (nominaasje)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lisa Fischer fan Wikimedia Commons.