Linus Torvalds

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Linus Torvalds

Linus Benedict Torvalds (Helsinký, 28 desimber 1969) is in Finsk-Amerikaans ynformatikus, dyt it meast bekend is fanwege de inisjele ûntwikkeling fan de Linuxkernel en dêr tsjintwurdich ek noch koördinator fan is.

[bewurkje seksje] Libbensrin

Torvalds is in soan fan de sjoernalisten Anna en Nils Torvalds dy't him nei Linus Pauling neamden. Hy heart ta de Sweedsksprekkende minderheid yn Finlân, mar wennet anno 2008 yn de Feriene Steaten en hat him yn 2010 naturalisearje litten ta Amerikaansk steatsboarger.[1]

Hy is ferantwurdlik foar it ûntstean fan de Linuxkernel en brocht dêrmei de frije-softwarebeweging foar it earst ûnder de oandacht fan in grut publyk. Yn 1991 kundige hy de beskikberheid fan syn Free Minix-like kernel foar it earst oan. Syn kernel wie in oanfolling fan it GNU-projekt, wêroan allinnich noch ien kernel miste - dêrfoar wie destiids, en no noch altiten De Hurd pland.

Minder as 5% fan de hjoeddeiske koade fan de Linuxkernel is fan syn hân, mar Torvalds wurdt noch wol troch eltsenien sjoen as dejinge dy't it bêst beslisse kin hokker koade al/net yn Linux terjochte komt. Sa wurdt foarkommen dat der in nije ôfsplitsing fan de Linuxkernel ûntstiet en ferspriede wurdt, ek al is dit juridysk sjoen mooglik ûnder de GPL-lisinsje.

Torvalds sjocht Linux as in hobby; hy hie oant juny 2003 in fulltime baan by Transmeta en sûnt dy datum by OSDL, no oppgien yn The Linux Foundation. As immen frege wat hy by Transmeta krekt die, dan wie it antwurd "cool stuff" of gewoan "stuff". Grif sil hy oan in compiler wurke ha foar in nije prosessor. Dêrneist mocht hy fan Transmeta ek yn kantoaroeren oan Linux wurkje.

Torvalds hie gjin beswier tsjin it skriuwen fan propriëtaire software bij Transmeta. Foar him komt technyk op it earste plak en de iepenheid en frije beskikberheid is foar him allinnich in metoade de software better te meitsjen. Hy heart hjirme ta de pragmatyske open source beweging en net ta de frije software beweging (benammen laat troch Richard Stallman en it GNU projekt) dy't it benammen te dwaan is om frijheid.

Om by Transmeta wurkje te kinnen ferhuze Torvalds fan syn heitel6an nei Silicon Valley. Mei syn frou Tove Monni hat hy trije bern, dy't hy faak meiniomt nei Linuxkongressen. Hy hâldt him meastal ôfsidich fan gleone diskusjes oer softwarelisinsjes.

Transmeta wie yntinsyf dwaande 386+-processors nei te boatsen, en Torvalds hie dêr by it starten fan syn Linux-projekt in útwreide stúdzje nei dien. Hy hie benammen ûnderfining mei de software-aspekcten derfervan, en omt Transmeta as emulaasjemakker tige softwarerjochte wie, koe Torvalds in soad bydrage. Yn syn autobiografy seit hy dat hy begelyks de earste tiid benammen dwaande wie mei in x86-emulator te skriuwen.

Yn 2001 skreau Torvalds mei help fan David Diamond in autobiografy mei in wat humoristysjke ûndertoan.

Om better oan de Linux-kernel wurkje te kinnen hat Linus in programma mei de namme Git skreaun (dit as ferfanging fan it programma Bitkeeper dat hy oant dan brûkte).

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Just for Fun: The Story of an Accidental Revolutionary - Linus Torvalds / David Diamond ISBN 0-06-662072-4

  1. Linus Torvalds becomes an American citizen
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen