Linton Kwesi Johnson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Linton Kwesi Johnson

Linton Kwesi Johnson, ek wol LKJ neamd, (24 augustus 1952 op Jamaika) wurdt beskôge as de earste dub-dichter. Op syn alfde ferhuze er nei Londen dêr't hy namme meitsje soe, as dub-dichter én as polityk aktivist. Syn muzyk hat in soad reggea-ynfloeden.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Linton Kwesi Johnson wie al op jonge leeftyd aktyf, as skriuwer en as polityk aktivist. Noch in syn middelbere-skoalletiid sleat hy him oan by de Black Panthers. Foar dy beweging hâlde hy him dwaande mei it organisearjen fan poëzij-manifestaasjes. Hy wie yn dy tiid ek lid fan "Rasta Love", in groep dichters en drummers, dêr't er syn lettere, aparte styl fan optreden, ûntwikkele.

LKJ syn gedichten ferskynden yn it blêd Race Today, en dat joech yn 1974 ek syn earste poësy-bondel út, ûnder de titel "Voices of the Living and the Dead". In jier letter folge by Bogle-L'Ouverture de twadde: "Dread Beat An' Blood", wat ek de titel wurde soe fan syn earste LP, dy't yn 1978 troch Virgin útbrocht waard. Fan syn tredde boek, "Inglan Is a Bitch", stiene ferskate gedichten ek op syn twadde LP, "Forces of Victory", útbrocht yn 1979 troch Island. De toan yn syn boeken en de muzikale ekspresje bleaune de militante kant it neist. Syn optredens wiene minimalistysk fan opset. Mei ien as twa bandrecorders mei de begeliedende muzyk reizge LKJ it club-sirkwy ôf, dêr't er syn gedichten as in "rapper avant la lettre" oer it fuotljocht brocht. Op syn tredde LP, "Bass Culture", ek foar Island, komme der ek wat mear persoanlik tinte teksten nei foaren. Nei dizze plaat makke Johnson noch twa platen foar it Island Label: "LKJ in Dub" en "Making History".

Doe't dy lêste plaat yn 1983 útkaam, hie Johnson al twa jier in eigen label: "LKJ Records", dat begûn mei de produksje fan twa singles fan de Jamaikaanske dichter Michael Smith. Yn de tachtiger jierren wie LKJ ek as sjoernalist aktyf by "Race Today". En yn dyselde tiid makke er foar de BBC in searje radioprogramma's oer Jamaikaanske populêre muzyk.

Syn eigen platemaatskippij brocht yn 1985 in LP út fan in konsert dat hy mei de "Dennis Bovell Dub Band" yn de Queen Elisabeth Hall yn Londen joech. Mei dy band soe er de hiele wrâld oerreizigje.

Yn de 90-er jierren makke LKJ tegearre mei Dennis Bovell it album "LKJ in Dub: Volume Two". Syn oant no ta lêste wurk as muzikant is it album "More Time", dat yn 1998 ferskynde.

Foar syn krewaerjen as dichter en muzikant hat Linton Kwesi Johnson ferskate prizen takend krigen, mar hy sil de skiednisboeken yngean as "de earste Dub-poëet" en neffens guon as de earste rapper.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Voices of the Living and the Dead (1974)
  • Dread Beat An' Blood (1975
  • Inglan Is A Bitch (1980)
  • Tidings An' Times (1991)

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Dread Beat An Blood (1978)
  • Forces of Victory (1979)
  • Bass Culture (1980)
  • LKJ in Dub (1981)
  • Making History (1983)
  • LKJ Live in Concert with the Dub Band (1985)
  • Tings An' Times (1991)
  • LKJ in Dub: Volume Two (1992)
  • LKJ Presents (1996)
  • LKJ A Capella Live (1996)
  • More Time (1998)
  • LKJ in Dub: Volume Three (2002)
  • LKJ Live in Paris with the Dennis Bovell Dub Band (CD & DVD, 2004)

Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | edit source]