Lindowman

Ut Wikipedy
Lindowman útstald yn it Britsk Museum
Lindow Moss

De Lindownan, ek ferneamd as Lindow II en (gekjeiend) as Pete Marsh ('Piter Sompe'), is in bewarre feanlyk fan in man dy't fûn waard yn in feansompe yn Lindow Moss ûnder Wilmslow yn Cheshire, Noardwest Ingelân. It lichem waard fûn op 1 augustus 1984 by kommersjele turfwinning. De Lindowman is net it iennichste lyk dat dêr fûn waard; in jier earder wie dêr al de Lindowfrou ûntdutsen neist oare oerbliuwsels fan lichems. De fynst dy't omskreaun waard as "ien fan de meast wichtige archeologyske fynsten fan de jierren '80", feroarsake frijwat opskuor yn de media. De fynst soarge foar fierdere stúdzjes fan feanliken yn Grut-Brittanje, dy't oant dan ta, fergelike mei dy op oare plakken yn Jeropa, net folle omtinken fan de wittenskip krige hienen.

Op it stuit dat er dea gie wie de Lindowman sûn en yn syn mids-tweintiger jierren. Syn sosjale status sil heech west hawwe, want syn lichem hat gjin ferskynsels dy't tsjutte op dreech en swier wurk. De reden fan syn dea is striderij oer. Hy is mei geweld deadien, faaks ritueel offere of eksekusjearre. Nei in lêste miel fan rustere bôle is de Lindowman wurge, op de holle slein en de kiel trochsnien. De âlderdom fan it lyk koe mei muoite rûsd wurde, mar der wurdt tocht dat de man, mei it antlit nei ûnderen, tusken 2 f.Kr. oant 119 nei Kr. yn it Lindow Moss lein is, dat of yn de Britske izertiid of yn it Britsk-Romeinske tiidrek.

It lyk wurdt friesdrûge bewarre yn it Britsk Museum, dêr't it permanint útstald leit. Ut en troch wurdt it oan oare museums útliend, sa as it Manchester Museum.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • I. M. Stead, J. B. Bourke, Don Brothwell: Lindow Man - The Body in the Bog. British Museum Publications, Londen 1986, ISBN 0-7141-1386-7.
  • Don Brothwell: The Bog Man and the Archaeology of People. British Museum Publications, Londen 1987, ISBN 0-7141-1384-0.
  • R. C. Turner; R. G. Scaife (Hrsg.): Bog Bodies. New Discoveries and New Perspectives. British Museum Press, Londen 1995, ISBN 0-7141-2305-6 .
  • Wijnand van der Sanden: Mumien aus dem Moor - Die vor- und frühgeschichtlichen Moorleichen aus Nordwesteuropa. Drintsk Museum / Batavian Lion International, Amsterdam 1996 (Oarspronklike titel: Vereeuwigd in het veen), ISBN 90-6707-416-0.
  • Jody Joy: Lindow Man. British Museum Press, Londen 2009, ISBN 978-0-7141-2817-7.