Limitanei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Limitanei of ripenses wienen grinstroepen yn it lette Romeinske leger. Sy wienen legere oan de grinzen fan de Ryn en Donau, de saneamde Limes. It wienen foaral lichte troepen dy't ta harren taak hienen om ynfallers tydlik tsjin te hâlden oant swierdere legerienheden arrivearren.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant en mei it begjin fan de 4e ieu wie it Romeinske leger benammen legere oan de grinzen fan it ryk. De ynfallen yn de 3e ieu dienen de Romeinen beseffen dat it Romeinske lineêr en statyske ferdigeningswurk net goed mear funksjonearre. Dêrom waard in folle dynamysker ferdigening betocht. It meastepart fan it leger waard tenei yn it binnenlân legere, op goede strategyske plakken, dêr't sy gau oplûke koe tsjin ynfallers. Dizze militêre ienheden waarden comitatenses neamd.

De oan de grins sels legere ienheden limitanei wienen húsfeste yn stiennen castella of castra. Sy moasten sels foar harren iten soargje. Yn de omjouwing fan harren legerplakken leinen lânbougrûnen dêr't sy sels fiedsel ferbouden. Sy wienen heal soldaat, heal boer en net grut yn oantal. It wie harren taak om it achterlizzende lân te beskermjen tsjin plonderers, of tsjin lytse ynkringende fijannen. Omdat de grinstroepen net manmachtich wienen, wienen sy net by steat om yndied werklik fijannige legers yn in slach tsjinstân te bieden. Foar dy taak wienen de comitatenses ferantwurdlik.

Nêst de comitatenses en de limitanei wied er ek noch in oare groep militêren by de ferdigening fan de grinzen belutsen. Dizze militêren wienen de foederaty of helptroepen dy't levere waarden troch de omlizzende grinsfolken. Yn de rin fan de skiednis soenen de Romeinen hieltyd faker in berop dwaan op dizze foederaty.

Gefolgen[bewurkje seksje | edit source]

Alhoewol't de militêre feroarings in folle doelmjittiger ferdigening oplevere foar it Romeinske ryk, hie it ek syn kearside. De kwaliteit fan de grinstroepen rûn nammentlik efterút, omdat de limitanei faak yn earme omstannichheden oan de grinzen libben, wylts de kondysjes foar de troepen yn it binnenlân folle better wienen. De omstannichheden hienen foaral in grutte ynfloed op de dissipline en it moraal fan de troepen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Edward James, De Franken, Baarn-1988.