Ligurje

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Ligury
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Genua
Oerflakte 5410
Befolking 1.760.000
Befolkingstichtens 330
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Saccarello: 2200
Oantal gemeenten 235
Provinsjes Genua, Imperia, La Spezia, Savona


Ligury (Italjaansk: Liguria) is in regio dat oan de kust leit fan it noardwesten fan Itaalje en de op twa nei lytste. It grinzet yn it westen oan Frankryk, en oan de Italjaanske regio's Piëmonte yn it noarden en yn it easten Emilia-Romagna en Toskane. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.

Ligury leit oan de Golf fan Genua, dat in part is fan de Liguryske See, wat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See.De kuststrook wurdt ek wol de Liguruske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't tal fan aardige kustplakjes lizze.

Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak ticht by de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Klimaat

De Liguryske kust hat in myld seeklimaat. Yn jannewaris wurdt it yn Genua trochstrings sa'n 8° oant 10°C. It friest der selden, útsein it bergeftich gebiet yn it binnenlân. Simmerdeis komt de temperatuer op sa'n 24-25°C út. De reinfal kin somtiden oerfloedich wêze; fanwege de bergen ticht by de kust is der in soad wolkefoarming wêrtroch yn Genua jierliks sa'n 2000 mm rein falt. Lykwols hawwe oare gebieten de gewoane wearden fan it Middellânske Seegebiet (500-800 mm).

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje] Provinsjes en wichtige stêden

Provincie Afkorting Hoofdstad Wichtige plakken
Genua GE Genua Siafari, Rapallo, Sestry Levante
Imperia IM Imperia San Remo, Fentimiglia
La Spezia SP La Spezia Sarzana
Savona SV Savona Albenga

[bewurkje seksje] Foto's

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings