Lieuwe Brolsma

Ut Wikipedy

Lieuwe Brolsma (Lichtaard, 23 novimber 1912 - Grou, 27 febrewaris 1976) wie in Frysk skriuwer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lieuwe Brolsma waard berne yn Lichtaard, dêr't syn heit Reinder Brolsma in ferverssaak hie. It skriuwen siet de Brolsma's yn it bloed: de oerpake en pake fan Lieuwe skreaunen ek al fersen en ferhalen, mar heit Reinder waard ien fan de bekendste Fryske skriuwers fan de tweintichste iuw. Lieuwe begûn dan ek te skriuwen; dat brocht er ek oer op syn bern, syn soan Ulke Brolsma is in hjoeddeistich Frysk skriuwer.

Brolsma syn debút ferskynde yn 1940: de ferhalebondel Om ús hinne. De ynfloed fan heit is yn 'e earste ferhalen noch dúdlik te merken. In jier letter ferskynde syn twadde boek, de roman Tjitte Winia. De haadpersoan is in kantoarhear dy’t úteinliks syn bestimming fynt as sleepboatkaptein. It measte súkses hat Brolsma hân mei syn histoaryske roman De stoarm oer Fryslân, dy't yn 1944 publisearre waard. It boek, dat spilet yn de lette midsiuwen yn de tiid fan Skier en Fet, belibbe in twadde printinge yn 1965. Syn lêste roman wie De tocht fan de Sallemander.

Neist romans skreau Brolsma ek koarte ferhalen, dy waarden publisearre yn it Algemien Frysk Jongereinblêd (It orgaan fan it Boun fan Frysk-nasjonale Jongerein) en It Heitelân. Hy skreau ek it earste oarspronklik Fryske stripferhaal, mei Kopkewoartel as held. Dy ferhalen waarden yn ôfleveringen publisearre yn it wykblêd Frysk & Frij yn de perioade 1947-1950. Trije fan dy ferhalen binne ek yn boekfoarm útjûn.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1940 : Om ús hinne : trije sketsen
  • 1941 : Tjitte Winia (roman)
  • 1943 : Dy twa fan Warten (novelle)
  • 1944 : Stoarm oer Fryslân (histoaryske roman)
  • 1948 : De tocht fan de Sallemander (roman)

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1948 : Skiednis fan in Wâldmantsje: Kopkewoartel by Jabik Krint (ek as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd (Frysk & Frij)
  • 1949 : Skiednis fan in Wâldmantsje: Kopkewoartel op ‘t Amelân (ek as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij * 1947-1948)
  • 1948 : Skiednis fan Kopkewoartel : Yn 't wetterlân (as stripferhaal ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1948-1949)
  • 1949 : Skiednis fan Kopkewoartel : diel IV (as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1949-1950)
  • 1950 : Skiednis fan Kopkewoartel : diel V (as stripferhaal yn ôfleveringen yn wykblêd Frysk & Frij 1950)
  • 2007 : Kopkewoartel : byldroman

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: