Lida Dykstra
Lida Dykstra (It Hearrenfean, 16 july 1961) is in Fryske berneboekeskriuwster.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Se groeide op yn Skarsterbrêge en ferhuze op har achttjinde nei Leien om oan de Reinwardt Academie foar museummeiwurkers te studearjen. Nei't se ôfstudearre wie, gie se fierder mei de akademyske stúdzje Keunstskiednis; har haadfak wie ambachtskeunst. Se wennet mei man en dochter yn De Knipe.
Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting Monument van de Maand, dêrnei hat se as konservator yn it Museum De Jouwer wurke. Yn 1992 begûn se te skriuwen.
Dykstra makke har debút as berneboekeskriuwster mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Se skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk en set sels har boeken fan de iene yn ‘e oare taal oer. Foar ien fan har ferhalen krige se yn 1999 de Rely Jorritsmapriis. Har Wolken fan wol is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’. Ek har bydrage oan de sammelbondel Listen fan goaden en bisten hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Yn de hjerst fan 2003 ferskynde as aksjeboek Mûske myn famke. It is basearre op in gedicht fan Gysbert Japicx. Der binne oersettingen fan yn it Ingelsk, Nederlâns en Súd-Afrikaans. In Welpeprint wie der foar har boeken Snotaapkes, Wolken fan wol en Lederwyntsje, bern mei krêften yn 2000, 2001 en 2006. Yn 2004 krige se foar dit boek de Simke Kloostermanpriis, yn 2007 wûn se dizze priis nochris, no mei Lederwyntsje, bern mei krêften.
Yn 2009 wûn hja foar de twadde kear de Rely Jorritsmapriis mei De Lytse ik. Ek yn 2011 wûn Dykstra de Rely Jorritsmapriis, dat wie doe foar it ferhaal De jonge dy’t Koraal neamd waard.
Yn maart 2012 waard bekend makke dat Dykstra it Aksjeboek foar de bern fan dat jier skriuwe soe. Dat docht se yn gearwurking mei yllustratrise Natascha Stenvert út it Drintske Zeijen. It aksjeboek foar de Berneboeketiid wurdt yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Afûk.
[bewurkje seksje] Bibliografy
[bewurkje seksje] Berneboeken
- Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (Afûk, 1994)
- De billebiter (Friese Pers Boekerij, 1995)
- De skat fan jonker Jan (Afûk, 1996)
- Pake past op Dideldeintsje (Afûk, 1997)
- Leaverikjes (Friese Pers Boekerij, 1998)
- Gefaar foar Graaf Max (Afûk, 1999)
- Snotaapkes (Bornmeer, 1999)
- Wolken fan wol (Bornmeer 2000)
- De suertsjeplysje (Bornmeer, 2002)
- Dideldeintsje wol nei skoalle (Bornmeer, 2003)
- Mûske myn famke (Bornmeer, 2003)
- Tsien lytse hekskes (Bornmeer, 2005)
- Lederwyntsje (Bornmeer, 2005)
- Oekebakke boem (Bornmeer, 2006)
- Skattich (ferskynd yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Portugeesk, Bornmeer, 2006)
- Ik bin in optocht ( ferskynd yn it Frysk, Nederlânsk, Japansk en Sineesk, Bornmeer, 2007)
- Spegelspreuk (Aed Levwerd, 2007)
- Ik wol gjin broerke (Bornmeer, 2008)
- Kiki fangt in pake (Bornmeer, 2009)
- De ridder fan Oei (Afûk, 2009)
- Ik hâld fan Pod (Bornmeer, 2010)
[bewurkje seksje] Poëzij
- Frou ûle (Frysk en Frij, 2000)
[bewurkje seksje] Proaza
- Ik, Anna (Afûk, 2009)
[bewurkje seksje] Nederlânsktalige boeken
- Gevaar voor graaf Max (mei CD, Kok Educatief, 1997)
- Poppennacht (Kok Educatief, 1997)
- Sinto de saurus (Bekadidact, 1999)
- Vlieg naar de zon Pip, (Maretak, 2000)
- Sim loopt weg (Maretak, 2000)
- Koning Kind (Maretak, 2000)
- Praat maar met Duif (Maretak, 2001)
- Pootjes, pootjes, puf, puf (Maretak, 2001)
- Wachten op Apollo (bekroand mei Vlag en Wimpel, kearntitel fan de Jonge Jury, Lemniscaat, 2001)
- Ootje (Lemniscaat, 2002)
- Het kinderhotel van juffrouw Kummel (Maretak, 2002)
- Pip is op Snoes (Maretak, 2002)
- Maan en de Pixies (Maretak, 2002)
- Ootje weer (Lemniscaat, 2003)
- De toverlantaarn van juffrouw Kummel (Maretak, 2003)
- Pin wil geen prik (Maretak, 2003)
- Stoppen (Maretak, 2004)
- Geeske en de cirkel van drie (Lemniscaat, 2004)
- Tien kleine heksjes (Lemniscaat, 2005)
- De DINKies: herten in nood (Maretak, 2006)
- Slaap lekker, prinses (Maretak, 2006)
- Schattig (Lemniscaat,ferskynd yn 7 talen, 2006)
- Eén muisje kan geen optocht zijn (Gottmer (ferskynd yn 4 talen, 2007)
- Juffrouw Kummel en de kikkerprins (Maretak, 2007)
- Spiegelspreuk (Aed Levwerd, 2007)
- Ik wil geen broertje (Gottmer, 2008)
- Vlokje ontvoerd (Maretak, 2009)
- Ik hou van Pad (Bornmeer, 2010)
- Verhalen voor de Vossenbroertjes (Pimento, 2011)
[bewurkje seksje] Prizen
- 1999 - Rely Jorritsmapriis foar De nije seemearmin
- 2004 - Simke Kloostermanpriis foar Mûske, myn famke
- 2007 - Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften
- 2009 - Rely Jorritsmapriis foar De Lytse ik
- 2011 - Rely Jorritsmapriis foar De jonge dy’t Koraal neamd waard
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |