Leslie Bibb

Ut Wikipedy
Leslie Bibb yn 2009
Leslie Bibb yn 2009

Leslie Louise Bibb (Bismarck (Noard Dakota), 17 novimber 1974) is in Amerikaansk aktrise en earder model (Elite Model). Sy krige yn 2001 in Young Hollywood Award, in priis foar in nije frouljusferskining.

Bibb har debút wie yn 1996 mei lytse gastroltjes yn de telefyzjerigen Pacific Blue en Home Improvement. In jier letter hie hja in lytse rol yn in film, Private Parts. Itselde jier folge in rol yn de film Touch Me en in fêste oanstelling by de dramasearje The Big Easy, as Janine Rebbenack.

Bibbs spile sûnt har debút yn goed tsien bioskoopfilms en wie ek te sjen yn telefyzjerigen sa as ER en Crossing Jordan. Se hie gastroltjes foar ien kear yn ûnder oaren Just Shoot Me! (1997), Early Edition (1998), Nip/Tuck (2004), CSI: Miami en Entourage (beide 2007).

Bibb troude novimber 2003 mei Rob Born, mar hja gienen nei noch gjin jier al wer út elkoar.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Utsein telefyzjefilms

Telefyzjerigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Utsein gastrollen foar ien kear

  • Kings - Minister foar ynformaasje Katrina Ghent (2009)
  • Crossing Jordan - Detective Tallulah 'Lu' Simmons (2002-2007)
  • Line of Fire - Paige Van Doren (2003-2004)
  • ER - Erin Harkins (2002-2003)
  • Popular - Brooke McQueen (1999-2001)
  • The Big Easy - Janine Rebbenack (1997)