Lemba

Ut Wikipedy

De Lemba of wa-Remba binne in folk yn it suden fan Afrika en wenje yn Simbabwe en Súd-Afrika, Mozambyk en Malawy. Neffens Parfitt bestiet it folk út likernôch 70.000 minsken.[1] In protte fan harren wolle hawwe dat de Afrikaanske Joaden foar in part fan Joadske minsken ôfstamme.[2]

Alhoewol't de Lembas in Bantû-taal sprekke, hawwe sy spesifike religieuze brûkmen en in leauwen dat in protte oerienkomsten hat mei it Joadendom, brûkmen dy't neffens guon mûnling oerlevere binne. Tsjintwurdich, binne in protte Lemba Kristenen of Moslim mei Joadske gebrûken. Resinte genetyske analyzes hawwe fêststeld dat in grut part fan de Lembabefolking foar in part fan Semitysk (Midden-Easten) komôf is.[3][4] Lykwols, it meast resinte ûndersyk dat mear genetyske markers testen as eardere stúdzjes liet sjen dat Lemba-mannen net ta in spesifyk joadske haplogroepen hearre en dat harren net-Afrikaanske foarâlders net spesifyk út Israel kamen, mar fan earne oars yn it Midden-Easten.[5]

De namme "Lemba" soe syn oarsprong hawwe yn chilemba, a Swahili-wurd foar de 'tulbânnen' dy't troch East-Afrikanen droegen wurde, of yn lembi in Bantû wurd dat betsjut "net-Afrikaansk" of "respektearre bûtenlanner".[6]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Parfitt, Tudor and Trevisan-Semi, E. (2002) Judaising Movements: Studies in the Margins of Judaism. London: Routledge Curzon. Parfitt, Tudor (2000) Journey to the Vanished City: the Search for a Lost Tribe of Israel. New York: Ramdon House.
  2. Wuriga, Rabson (1999) "The Story of a Lemba Philosopher and His People" Kulanu 6(2): siden .1,11-12
  3. The origins of the Lemba "Black Jews" of súd Africa: evidence from p12F2 and other Y-chromosome markers. | pmid = 8900243 | pmc=1914832
  4. DNA and Tradition - Hc: The Genetic Link to the Ancient Hebrews fan Yakoov Kleiman. Utj. Devora Publishing|isbn=1-930143-89-3
  5. Soodyall, Himla (11 Oktober 2013) "Lemba origins revisited: tracing the ancestry of Y chromosomes in South African and Zimbabwean Lemba" South African Medical Journal 103(12 Suppl 1): siden 1009–1013 | pmid=24300649 | doi=10.7196/samj.7297
  6. Gideon Shimona, Community and conscience: the Jews in apartheid South Africa; Sjoen 2010-03-13, Brandeis University Press, Feriene Steaten, 2003; side 288; isbn=1-58465-329-9