Leif Eriksson

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leif Erikson)
Leif Erikson op in Amerikaanske postsegel út 1968
Reis nei Vinland.

Leif Eriksson (Aldnoarsk: Leifr Eiríksson) (± 970 – ± 1020) wie in wytsing út Yslân, dy't wol jildt as de of in ûntdekker fan Amerika. Hy wie in soan fan Erik de Reade.

Der binne twa ferskillende sêgen dy't oer Leif Eriksson ferhelje, de Sêge fan Erik de Reade en de Sêge fan de Grienlanners. De Sêge fan Erik de Reade waard earder as de âldere en histoarysk meast betroubere beskôge, mar no wurdt dat fan de lêste ûndersteld.

Sêge fan Erik de Reade[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sêge fan Erik de Rode ferhellet rûchwei it neifolgjende: Leif ûntdekt Amearika yn it jier 1000, op wei fanút Noarwegen (999), dêr't er ta it kristendom bekeard is, nei Grienlân om dêr de nije religy te preekjen. De sêge hat it net oer it kolonisearjen fan dit diel fan Amearika.

Sêge fan de Grienlanners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sêge fan de Grienlanners beskriuwt dat Amearika ûntdutsen (sjoen) waard troch Bjarni Herjolfsson, yn 986. Hy hie ûnderweis west fan Yslân nei Noarwegen, en hearde dêr dat syn heit nei Grienlân ta setten wie. Hy besleat him efternei te farren, miste it lân lykwols, en kaam oan de kust fan in ûnbekend lân (Noard-Amearika); hy kearde om en farde nei Grienlân. Hy is feitlik net lâne op Amerikaanske boaiem.

Leif kocht om 1000 hinne Bjarni's skip, en farde mei 35 man nei it troch him beskreaune lân. It earste dat er fûn, neamde er Hellulân (Lân fan de platte stiennen of grotten, mooglik Baffineilân), súdlik dêrfan fûn er Marklân (Houtlân, faaks Labrador), en noch fierder nei it suden Vinlân. Dêr stifte er in koloanje mei de namme 'Leifsbuðir' (Leifs hûzen). Vinlân (Wynlân) waard sa neamd om't in lid fan de groep wylde druven oantrof. It klimaat dêr wie myld, it frear net folle en it hiele jier rûn wie der grien gers. Hy oerwintere yn Vinlân en gie de folgjende maitiid (1001) werom nei Grienlân.

It plak fan Vinland is net wis. Guon histoarisy tinke dat it op Newfoundland lein hat, en dat de Noarske delsetting dy't yn de jierren 60 fûn is yn L'Anse aux Meadows troch ûndersiker Helge Ingstad en syn frou, de archeologe Anne Stine Ingstad, Leifsbuðir is. Oaren binne fan betinken dat Vinlân súdliker lein hawwe moat, bygelyks yn Nij-Ingelân.

Lettere libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leif gie net werom nei Vinlân, hy bleau op Grienlân as ien fan de lieders fan de koloanje dêr. Der skynt yn dizze perioade in striid west te hawwen tusken de oanhingers fan de âlde religy, laat troch Erik, en de kristenen, ûnder lieding fan Leif.

Ta de minsken dy't yn dy tiid op Vinlân west hawwe binne Leif syn broer Thorvald Eriksson, syn suster Freydís Eiríksdóttir, Thorfinn Karlsefni en syn wiif Gudrid Thorbjarnardottir. Ek syn oare broer Thorstein Eriksson hat besocht om Vinland te berikken, mar hy bedarre op Grienlân, dêr't er stoar.