Leelee Sobieski

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Leelee Sobieski in 2009

Liliane Rudabet Gloria Elsveta Sobieski, (Leelee) (New York, 10 juny 1983) is in Amerikaansk aktrise.

Sobieski studearre Ingelsk en keunst. Sy wûn yn 1999 in YoungStar Award foar har haadrol yn Joan of Arc en in jaar letter krige sy de Young Hollywood Award yn de kategory 'Superstar of Tomorrow - Female' . Foar Joan of Arc waard se ek neamd foar in Emmy Award, in Golden Globe en in Satellite Award. Twa jier letter waard Sobieksi op'en nij nominearre foar in Golden Globe foar de haadrol yn Uprising (2001).

Sobieski debutearre yn 1994 yn de televyzjefilm Reunion. Nei in rige rollen yn tv-searjes, makke hja har bioskoopdebút yn Jungle 2 Jungle (1997).

Privee[bewurkje seksje | edit source]

Sobieski is de dochter fan in Frânse heit (Jean Sobieski)) en in Amerikaanske mem (Elizabeth Salomon). Sobieski sprekt neist Ingelsk ek floeiend Frânsk. Sa komt it dat sy sawol Ingelsktalige as Frânsktalige rollen spilet. Har fan hat sy te tankjen oan Poalske foarâlden. Har pake fan memmekant Robert Salomon wie kaptein yn de United States Navy. Sobieski waard grutbrocht yn in "pan-religieuze" famylje; sy hat wolris sein dat se grutsk op har Joadsk komôf is.

Yn july 2009 ferloofde sy har mei Adam Kimmel[1] en yn desimber 2009 krigen hja in famke, Louisanna Ray Kimmel.[2] It pear troude yn Itaalje yn 2010.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Sobieski yn 2007

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

  • De Australyske band Primitive Whore wije in nûmer oan Sobieski, Why Leelee won't Love Me.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leelee Sobieski is Engaged USMagazine.com, 17 july 2009.
  2. Leelee Sobieski welcomes baby daughter