Leah Baird
Ut Wikipedy
Leah Baird (Chicago, Illinois,20 juny 1883 – Hollywood, 3 oktober, 1971) wie in Amerikaansk aktrise fan de stille film, en in screenwriter.
Ynhâld |
Libben [bewurkje seksje]
Baird har filmkarriêre begûn 1910 yn Jean and the Waif, sy spile dêryn Jean, the Vitagraph Dog. Sy spile ferskate grutte rollen yn William F. Brady's films, tsjinoer Douglas Fairbanks. Yn de lette jierren 1910s spile sy yn 15 ôfleveringen fan de rige Wolves of Kultur.
Baird waard letter screenwriter en droech by oan in stikmannich films mei fan Clara Bow yn in haadrol. Baird wie troud mei produsint Arthur F. Beck.
Leah Baird stoar op har 88e oan earmbloedigens yn har hûs yn Hollywood. Hja leit begroeven op it Hollywood Forever Cemetery.
Filmografy (seleksje) [bewurkje seksje]
As aktrise [bewurkje seksje]
- All for a Girl (1912)
- Ivanhoe (1913)
- Neptune's Daughter (1914)
- Lights of New York (1916)
- Is Divorce a Failure? (1923)
- The Adventures of Mark Twain (Uncredited, 1944)
- Mildred Pierce (Uncredited, 1945)
- Around the World in Eighty Days (Uncredited, 1956)
As skriptskriuwer [bewurkje seksje]
- The Dawning (1912)
- The Return of Boston Blackie (1927)
As produsint [bewurkje seksje]
- Shadow of the Law (1926)