Dell Publishing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Laurel Leaf Library)
Dell Publishing
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1921
oprjochter George T. Delacorte jr.
eigner Bertelsmann AG
mem Random House
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
bantam-dell.atrandom.com

Dell Publishing is in Amerikaanske útjouwerij dy't foarhinne sawol boeken, stripboeken as tydskriften publisearre. Tsjintwurdich heart it bedriuw ta de grutte Random House- groep, dy't op syn beurt eigendom is fan Bertelsmann AG.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dell Publishing waard yn 1921 oprjochte troch útjouwer George T. Delacorte jr., mei $10.000, twa wurknimmers en ien inkele tydskriftútjefte, titele: I Confess. Al rillegau wist er syn útjouwerij lykwols út te wreidzjen ta tsientallen titels, wêrûnder in protte pulpromantsjes, fan it misdiesjenre oant romantyske fiksje. Yn 'e tweintiger, tritiger en fjirtiger jierren wie Dell Publishing de grutste útjouwer fan tydskriften yn 'e Feriene Steaten.

Fan 1929 oant 1974 joech Dell ek strips út, as ûnderdiel fan 'e Dell Comics-rige. Yn 1943 sette Dell foar it earst útein mei it útjaan fan boeken, dat frijwol útslutend goedkeape paperbacks wiene. Paperbacks wiene doedestiden in relatyf nij fenomeen, en Dell ûntjoech him al gau ta ien fan 'e grutste útjouwers fan dat soarte lektuer. Fanôf it fyfde boek, Four Frightened Women, fan skriuwer George Harmon Coxe, hiene alle Dell-paperbacks in lânkaart op it efterkaft stean, en dêrtroch rekken se bekend ûnder de namme mapbacks.

Dizze rige omfieme benammen detektive- en misdieromans, lykas Rope, fan Alfred Hitchcock (nû. 262), mar der hearden ek romantyske boeken ta, lykas Self-Made Woman, fan Faith Baldwin (nû. 163); science fiction, lykas The First Men in the Moon, fan H.G. Wells (nû. 201); westerns, lykas Gunsmoke and Trail Dust, fan Bliss Lomax (nû. 271); literêre fiksje, lykas To a God Unknown, fan John Steinbeck (nû. 407); en autobiografyske oarlochsromans, lykas I Was a Nazi Flyer, fan Gottfried Leske (nû. 21) en Eisenhower Was My Boss, fan Kay Summersby (nû. 286). Sels moppeboeken en krúswurdpuzelboekjes waarden as mapbacks útjûn. Mapbacks wurde no in protte samle, en de krúswurdpuzelútjeften (dy't fansels earder fuortsmiten waarden as gewoane boeken) binne no hiel seldsum en tige gewild. Dell brocht ek paperbacks út ûnder guon ymprints, wêrfan't de bekendste wierskynlik Delacorte Press en Yearling Books binne.

Dell Publishing waard úteinlik opkocht troch Random House, dat op syn beurt yn 1998 eigendom waard fan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG. Dell, dat sadwaande no gjin selsstannige útjouwerij mear is mar in ymprint, waard binnen dy korporaasje ûnderbrocht by de difyzje Bantam-Doubleday-Dell fan Random House. Dell Magazines, de tydskriftetûke, waard yn 1997 fan 'e rest fan 'e útjouwerij ôfspjalten en ferkocht en bestiet noch altyd as in wichtige útjouwer fan puzelboekjes, detektive- en science fictionromantsjes en horoskooptydskriften.

Ymprints[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In opsomming fan ymprints dy't no of foarhinne troch Dell brûkt wurde/waarden:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.