Laura Vlasblom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Laura Vlasblom (1999)

Laura Vlasblom (Drachten, 8 oktober 1968) is in Nederlânske sjongster en stimartyst.

Tegearre mei har suster Karin Vlasblom en harren twa freondinnen Mandy Huydts en Marjon Keller sjonge se fan 1981 oant 1985 mei yn it koar fan Kinderen voor Kinderen.

Dit befalt harren sa goed dat se yn 1986 yn in fammegroep (Frizzle Sizzle) sjongen gean. De band - ivich op bleate fuotten en yn wide jurken - docht it yn it earstoan aardich en wurdt troch guon al sjoen as de nije Dolly Dots. Yn 1986 docht it kwartet mei oan it Eurovisiesjongfestival mei it nûmer Alles heeft een ritme, dêr't se 13e mei wurde. Hjirnei meitsje de fammen inkele beskieden hitsjes en slepe se de Sulveren Harp yn de wacht. De groep falt lykwols yn 1989 al út elkoar.

Laura sprekt in soad stimmen yn tekenfilms yn, ûnder oare yn Madagascar as Gloria it Nylhoars, yn Aladdin as Prinses Jasmine en yn De Lytse Seemearmin as Ariel. Fierders docht se de stim fan Pikkie de Akster yn Alfred J. Kwak. Ek docht se yn hast elke Barbie-film de stim fan Barbie.

Ut de relaasje met de sjonger Bastiaan Ragas hat se in soan.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen