Lauge Koch

Ut Wikipedy
Lauge Koch 1919,
portret fan Johannes Achton Friis

Lauge Koch (Kærby bij Kalundboarch, 30 july 1892Kopenhagen, 5 juny 1964) wie in Deenske geolooch, poalûndersiker en heechlearaar. Hy hie de lieding fan 24 ekspedysjes nei Grienlân.

Koch beselskippe Knud Rasmussen op dy syn twadde Thule-ekspedysje (1916-1918) as geolooch en kartograaf. Yn de ekspedysje nei Noard-Grienlân (1920-1923) foltôge hy it yn kaart bringen fan de hiele kust fan Grienlân en 1921 wie er de earste minske dy't foet op it eilân Kaffeklubben sette. Hy sketste doe as earste in geologysk byld fan it goa. Sûnt hâlde Koch benei permanint op Grienlân, as oanfierder fan Deenske ekspedysjes. Yn 1938 liet hy middels loftfoto's sjen dat it 'Pearykanaal' dêr't salang nei socht wie, oars net as in fjord wie.

Koch syn arbeid smiet goed 200 publikaasjes op mei totaal sa'n 22.000 siden.

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar syn wittenskiplike fertsjinsten krige er ûnder oaren earedoktoraten fan de Universiteit fan Bazel en fan de Kanadeeske McGill University. Fieders waard hy twaris ûnderskieden troch de American Geographical Society (1924 en 1930) en yn 1949 ûntfong hy de Mary Clark Thompson Medal fan de National Academy of Sciences.