Latécoère 28

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Latécoère 28-3, de ferzje mei driuwers

De Latécoère 28 wie in súksesfolle Frânske lange-ôfstân post- en passazjiersfleanmasine yn de 1930er jierren. It waard it meast wichtige symboal fan Air France's foargonger, Aéropostale. Mei dit tastel waard in ynterkontinintale loftposttsjinst fêstige mei ûnder oaren de Frânske koloanjes. It tastel spile sadwaande in rol yn it fergrutsjen fan de Frânske kultuerele ynfloed tusken de wrâldkrigen.

Ferneamde fleanders as Antoine de Saint Exupéry en de dichter Jean Mermoz fleagen mei dit tastel. Fleanders fan doe wienen de sporthelden fan no.

De Latécoère 28 wie ûntwikkele út de Latécoère 26. It wie in ienmotoarige iendekker, mei de wjukken dy't oan de bûtenkant skoarre waarden en oandreaun troch in Renault 12Jbr-motor. De Latécoère 28 hie in fêst lâningsgestel en in sletten cockpit foar twa man. Yn de kabine wie plak foar 8 passazjiers.

In totaal fan sa'n fyftich waarden der boud, yn ferskate ferzjes, tusken 1927 en 1932. De seefleanmasine ferzje, de Latécoère 28-3, makke de earste postflecht oer de Súd Atlantyske Oseaan op 12 maaie 1930; Mermoz fleach fan Dakar nei Natal yn 21 oeren, foar in part op wei holpen fan in skip ôf. [1] De Latécoère 28 waard ferneamd yn Súd-Amerika om't it der foar soarge dat de posttsjinst fan Frankryk nei Argentynje, en fierder fuort, net miste. Mei dit fleantúch koe post fan Parys Santiago de Chile yn mar fjouwer dagen berikke. Earder dienen stoomskippen der wiken oer.

Specifikaasje Latécoère 28.0[bewurkje seksje | edit source]

  • Bemanning 2
  • Passazjiers 8
  • Lingte 13.64 m
  • Spanwiidte 19.25 m
  • Hichte 3.58 m
  • Wjukoerflak 48.6 m²
  • Gewicht leech 2,173 kg
  • Maks. startgewicht 3,856 kg
  • Motor Renault 12Jb fan 373 kW (= 500 hk)
  • Maks. faasje 223 km/h
  • Fleanberik 4,685 km (!)
  • Maks. fleanhichte 5,200 m

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]