Lansing (Michigan)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lansing
Downtown Lansing
Downtown Lansing
Sifers
Ynwennertal 114.297 (2010)
Oerflak 90,6 km²
Befolkingstichtens 1315/km²
Stêdekloft 464.036
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Ingham County
Oar
Stifting 1835
Tiidsône EST (UTC-5)
*Simmertiid (UTC-4)
Koördinaten
Webside City of Lansing Official Website


De lizzing fan Lansing

Lansing is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Michigan en hat 114.297 ynwenners (2010). De hiele agglomeraasje fan Lansing telt 464.036 ynwenners (2010). Lansing befynt him tusken Chicago en Detroit tusken de Grutte Marren. De stêd docht Europeesk oan en hat de bêst oplate befolking fan de FS en hat in grut tal opliedingsintrums. Yn de stêd is ek de universiteit Michigan State University te finen.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Fan de befolking is 9,7 % âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2 % út ienpersoanshúshâldens. De wurkleazens bedraacht 3,3 % (sifers folkstelling 2000).

Sawat 10 % fan de befolking fan Lansing bestiet út hispaniks en latino's, 21,9 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,8 % fan Aziatyske oarsprong.

It tal ynwenners gie nei ûnderen fan 126.932 yn 1990 nei 119.128 yn 2000.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer -6,2 °C, yn july is dat 21,6 °C. Alle jierren falt der yn trochsneed 777,7 mm delslach (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Lansing[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Lansing, Michigan – foto, fideo en harktriemmen