Lakenvelder (ko)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lakenvelders ûnder Leusden

De lakenvelder is in Nederlânsk koweras dat de nijsgjirrige eigenskip hat mei de wite bân tusken de foar- en efterpoaten om de boarst en rêch fan in fierder swart of read kobist, de lakenvelder tekening. Der binne fierder noch in tal easken by om it bist in wiere Lakenvelder wêze te litten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt yn it bûtelân wol gauris sein dat it fan âlds in Nederlânsk ras is, mar dat is net hielendal wis. De lakenvelder is al in âld ras. Der wurdt yn de 12e ieu en beskriuwing fan it ras makke yn Nederlân. Mar it is ek leaud dat it ras yn wynliken út Eastenryk en Switserlân wei kaam en yn de 17e ieu troch Nederlânske eallju ynfierd waard. De bisten waarden holden yn parken en hôven fan eallju. It útsjen fan de lakenvelder tekening kaam dus dan wol krekt. Mei it stadichoan ferdwinen fan lânhôven yn de 20e ieu, kaam it bestean fan it bist yn de nederklits en like hast út te stjerren. Der wiene op it djiptepunt mar krapoan 300 oer dat ynteelt net te mijen wie en fok it bist troch.

Hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne no sa'n 3000 lakenvelder kij yn Nederlân en it tal is noch hieltyd oan it waaksen. De kij binne der yn read-wyt en swart-wyt. Lykas by de MRI, Frysk-Hollânsk en de Holstein-Friesian ko is de swarte kleur oerhearskjend oer de reade kleur. By it krusen fan beide kleuren is de readfaktor dus fan belang. De lakenvelder is wurdearre om syn freonlikens en it maklik kealjen. Dêrom wurde dizze bisten holden op benammen op plakken lykas bernepleatsen en hobby-boeren. Mar dizze bisten wurde ek wol holden om'e molke.

it fokken is in toer. Oan de iene kant moat de bou fan it bist in goede bou, sadat it harsels rêde kin bygelyks by it kealjen, oan de oare kant moat it bist in moaie tekening hawwe. Troch op alle eigenskippen te fokken is in hurde genetyske fuortgong ûnmooglik. Dus om in goede kudde kij te fokken is tiid, geduld en enerzjy nedich.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]