Lady Gaga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lady Gaga
Gaga-monster ball UK DITD.jpg
Lady Gaga (rjochts) en Lady Starlight op Lollapalooza, 2007.
Gaga yn in brobbeljurk by The Fame Ball Tour.

Stefani Joanne Angelina Germanotta[1] (New York, 28 maart 1986[2]), better bekend as Lady Gaga, is in Amerikaans Sjongster. Gaga is bekend wurden troch har wurk yn elektropop en glamrock. Se skriuwt har eigen teksten en ûntwerpt har eigen fideoklips. Foar it nûmer Just Dance waard hja yn 2008 nominearre foar in Grammy Award.[3]

Har debútalbum út augustus 2008, The Fame, waard nûmer ien yn FK, Kanada, Eastenryk, Dútslân en Ierlân, die it ek goed yn oare lannen, wrâldwiid. De earste twa singles fan it album, "Just Dance" en "Poker Face", waarden ynternasjonale nûmer-ien hits, ûnder oaren yn de Amerikaanske Billboard Hot 100, mar ek yn in protte oare lannen. It album smiet letter seis Grammy Awardnominaasjes op en wûn prizen foar Best Electronic/Dance Album en Best Dance Recording. Ier 2009 begûn hja oan har earste grutte omrins, The Fame Ball Tour. Ein fan itselde jier brocht hja har twadde studio-album út The Fame Monster, mei dêrop de single "Bad Romance", dy't wrâldwiid súkses hie, en sette hja útein mei har twadde omrin, The Monster Ball Tour, dy't ek oaral in soad media-omtinken krige.

Styl en uterlik[bewurkje seksje | edit source]

Lady Gaga sjocht harsels as in libben keunstwurk. Har artistike wize fan klaaien is neffens har in earebetoan oan keunstner Andy Warhol. Troch har útwrydske look wurdt sy wolris fergelike mei new wave-acts út de jierren '80. De styl fan Lady Gaga wurdt faak as in op'en nij oplibjen fan de elektropop-muzyk út de jierren '90 sjoen. Yn febrewaris 2010 waard se by de Shockwaves NME Awards sawol as bêst klaaide en as minst klaaide artyst keazen.[4]

Neist ynteresse foar avant-garde en elektroanyske dancemuzyk wurdt Gaga beynfloede troch glamrock en hat se in pop-sound mei ynfloeden fan Marc Bolan, David Bowie en de rockgroep Queen. "Marc Bolan en David Bowie hawwe tige wichtich foar my west, foar't ik harren ûntduts wie ik der skjin mei oanhelle."

Op har linkerboppe-earm hat Lady Gaga in gedicht fan Rainer Maria Rilke tatoeëarje litten. Under de tatoeaazje fan dat gedicht steane de wurden "Little Monsters". "Little Monsters" is de bynamme dy't hja har fans jout. Op har linker pols hat sy in fredesteken. Op it lege part fan de rêch hat hja in soarte tribal mei roazen. Op har linkerboppeskonk hat se de namme fan har album "Born this Way" sette litten.

Gaga hat fan natuere brún hier, mar dat blondearret hja, omdat sy oars faak oansjoen wurdt foar Amy Winehouse.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

In kar fan wichtige albums:

  • The Fame (2008)
  • The Fame Monster (2009)
  • Born This Way (2011)
  • ARTPOP (2013)

Tours[bewurkje seksje | edit source]

  • The Fame Ball Tour (2009)
  • The Monster Ball Tour (2009–11)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sound of 2009: Lady Gaga
  2. Interview Lady Gaga in The Jay Leno Show
  3. title=The 51st Annual Grammy Awards Nominations List
  4. Lady Gaga best en slechtst gekleed.