L'Hospitalet de Llobregat

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
L'Hospitalet de Llobregat
Spain.Hospitalet.Bellvitge.Rotonda.02.jpeg
Sifers
Ynwennertal 257.057 (2012)
Oerflak 12,49 km²
Befolkingstichtens 18.361 / km²
Hichte 8 m
Polityk
Lân Spanje
Provinsje Barseloana
Boargemaster Núria Marín i Martínez
Oar
Stifting 12e ieu
Postkoade 08901 - 08909
Tiidsône CET UTC+1
*Simmertiid CEST UTC+2
Webside www.l-h.cat

L'Hospitalet de Llobregat is in gemeente mei goed 257.000 iynwenners (sifers 2012), yn de Spaanske regio Kataloanje, yn de provinsje Barselona. De stêd is ien fan de tichtsbefolke stêden fan Spanje en ek fan de hiele Europeeske Uny.

L'Hospitalet de Llobregat, gewoanwei yn it koart Hospitalet neamd, leit tusken de rivier de Llobregat en de stêd Barselona. Feitlik is Hospitalet de sudlike tagongpoarte fan Barselona foar treinreizgers en automobilisten. Hospitalet is part fan de metropoal Barselona. De ynwenners fan Barselona kenne Hospitalet benammen fawege de festiging dêre fan in grutte Sweedske wenwinkel.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

De befolking van L'Hospitalet bestiet mar foar 45,68% út Katalanen, de oare goed 54% fan de befolking komt of út it bûtenlân (23,76%; fral út Ekwador, de Dominikaanske Republyk en Marokko) of út it oarepart Spanje.

Ynwennertal yn tûzentallen

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn L'Hospitalet de Llobregat[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]