L'Anse aux Meadows

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Neiboude Wytsingdelsetting yn L'Anse aux Meadows

L'Anse aux Meadows is in Wytsingdelsetting, op de noardlikste tip fan Newfoundland. It plak waard ûntdekt yn 1960 troch it pear Helge en Anne Stine Ingstadt. Der leinen minstens 8 gebouwen, ûnder oaren in smeierij.

De delsetting komt nei alle gedachten út de iere 11e ieu. De measte skiedkundigen tinke dat L'Anse aux Meadows de koloanje yn Vinlân is dy’t neffens de saga troch Leif Eriksson stiften wie, mar oaren betwifelje dat en miene faak dat Leif's koloanje mear súdlik lein hawwe moat.

Yn 1978 waard L'Anse aux Meadows troch de UNESCO op de wrâlderfgoedlist setten. Twa sekuer neiboude Wytsinggebouwen binne hjoeddeis in toeristyske attraksje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: