Lüderitz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lüderitz
Luderitz.jpg
Sifers
Ynwennertal 18.340 (rûzing 2010)
Befolkingstichtens 162,44 / km²
Polityk
Lân Namybje
Provinsje Karas
Distrikt Lüderitz
Oar
Stifting 12 maaie 1883

Lüderitz is in stêd oan in baai op de súdwestkust fan Namybje. It is de earste Dútse delsetting yn Dúts Súdwest-Afrika dy't yn de Dútse koloniale tiid yn de Namybjewoastyn stifte waard. De stifter wie keapman Adolf Lüderitz út Bremen, dy't de baai yn 1883 kocht en der in hannelspost ynrjochte. De baai hjitte destiids noch Angra Pequena. Yn de koloniale tiid waard ien fan de eilantsjes foar de kust fan de stêd troch de Dútsers yn gebrûk naam as finzeniseilân.

Ek waard dêr fiske en gûano wûn en útfierd. Nei 1909, it jier dat dêr diamanten fûn waard, naam te wolfeart fan de stêd bot ta. Tsjintwurdich wurde de measte diamanten op oare plakken fûn en út de kust en is it belang fan Lüderitz hurd minder wurden.

De ûndjippe haven is net gaadlik foar moderne skippen, dat Walfiskbaai is it sintrum fan de skipsyndustry wurden. Anno 2011 hat Lüdewitz lykwols in nije kade dy't moderne grutte fiskersboaten hawwe kin. Fierders docht de stêd har bêst om mear toeristen te lûken mei ûnder oaren in nije bûlevaar mei winkels en kantoaren. Lüderitz is bekend fan har koloniale arsjitektuer, yn ûnder oaren Art Nouveau-styl, en fanwege de natuer mei seehûnen, walfisken, penguins, flamingo's en strúsfûgels.

Lüderitz (2007)
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as [[Commons:|]] en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.