Lânskipshûs

Ut Wikipedy
It lânskipshûs

It lânskipshûs (ek: Lânhûs) wie it hûs dêr't de Fryske lândei syn gearkomsten hie. It stie yn Ljouwert njonken de Kânselarij op de Hearegrêft of Twibaksmerk.

Eartiids wie it in diel fan it minderbruorrekleaster, dêrnei de wenning fan de presidint fan it Hof fan Fryslân, nei 1594 Lânskipshûs en fan 1811 - 1835 sit fan de rjochtbank.

Yn 1849 is it ôfbrutsen en kaam it Ritske Boelema Gasthûs op dat plak. De poarte is nei de Martenastate yn Koarnjum brocht. De tinkstien fan de Frede fan Munster kaam yn de Grutte of Jakobinertsjerke fan Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Landschapshuis
  • Eekhof - Geschiedkundige Beschrijving I (1840) side 251, 287 II (1846) side 14-16, 192.
  • R. Visscher - Leeuwarden van 1846-1906 (De Haach, 1908) side 17, 99, 106, 194-195