Lânskipsbehear Fryslân

Ut Wikipedy

Lânskipsbehear Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Landschapsbeheer Friesland), ôfkoarte ta LBF, is in organisaasje dy't him ynset om de ekologyske en kultuerhistoaryske wearden fan it Fryske lânskip te behâlden en te ûntwikkeljen. De organisaasje waard yn 1983 oprjochte, destiids noch ûnder de namme Stichting Instandhouding Landschapselementen in Friesland (SILF). It is ien fan de 12 provinsjale organisaasjes dy't oansletten binne by Landschapsbeheer Nederland, opgien yn de oerkoepeljende stichting LandschappenNL. LBF is fêstige yn Beetstersweach.

De organisaasje jout advys, foarljochting, oanlis en docht wurksumheden om soks foar inoar te krijen. Hja hawwe ek ekspertize op it mêd fan subsydzjes.

Landschapsbeheer Friesland wurket gear mei oare lânskipsorganisaasjes lykas It Fryske Gea, IVN Consulentschap Fryslân, Steatsboskbehear en Natuermonuminten, mar ek mei partikulieren en partners as agraryske natuerferieningen om natuer en lânskip yn en om de buorkerijen mear romte te jaan.

Projekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad wurksumheden wurde dien yn projektfoarm. De projekten betreffe lânskipsûnderhâld, natueredukaasje en toerisme. De projekten wurde útfierd troch de eigen stêfleden mar ek troch skoalbern, studinten en wurkleazen (yn it ramt fan reyntegraasjetrajekten). Dêrneist wurket Landschapsbeheer Friesland mei 500 frijwilligers. LBF wol in platfoarm wêze om ideeën dy't fan ûnderôf komme moatte in kâns te jaan. Foarbylden fan wurk yn it ramt fan lânskipsûnderhâld binne:

  • Underhâld en plantsjen fan bomen (wylgen, fruitbeammen en sa)
  • It skjinmeitsjen fan poelen
  • It behearen fan einekoaien

Projekten fan Lânskipsbehear Fryslân op it mêd fan natueredukaasje en toerisme binne ûnder mear rjochte op ûntwikkeling, opmeitsjen en gebrûk fan kuierpaden (de projekten Oude paden - Nieuwe wegen en Waddenwandelen) en it stimulearjen fan natueredukaasje ûnder basisskoalle-skoalbern (fia it saneamde "Akkoard fan Earnewald" dat mei ferskate regionale organisaasjes sletten is).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]