Lânsfeint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lânsfeint mei syn wiif. Ets fan Daniel Hopfer. Hy hat in mânske Zweihänder oer it skouder, en in lytse Katzbalger oan'e heup, beide typysk foar de lânsfeint.
Lânsfeinten, ets fan Daniel Hopfer, ±1530.

Lânsfeinten binne frije soldaten (fuotfolk), hiersoldaten, meast út Dútslân, dy't troch keizer Maksimiliaan, dy't de earste lânsfeinteregiminten foarme, en Albrecht fan Saksen nei Fryslân kamen en hjir fan 1500 - 1515 húsholden. Letter kamen sy ek fan Alsace, Flaanderen, en it Rynlân. Harren hâlden en dragen op it slachfjild koe tige ferskille; bytiden wiene sy tige dapper en dissiplinearre, mar disoarder en ûnbetrouberens kaam ek faak foar.

Wapene mei in lange spear, helleburd, koart swurd ("Katzbalger") en bytide ek in twahânsswurd ("Bidenhänder" of "Zweihänder"). Se droegen "plunderhosen" en hienen in eigen moraal en earekoade. Yn de kroniken fan Peter en Worp fan Thabor hieten se Duytsche Knechten. De Swarte Heap is in Frysk foarbyld fan lânsfeinten.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

De term komt fan it Dútske, Land, "lân" + Knecht, "(tsjinst)feint", en wurdt yn sa. 1480 foar it earst neamd. It wie oarspronklik de oantsjutting foar de hiersoldaten fan de lege lannen fan it Hillige Roomske Ryk om Underskaat te meitsjen mei de Switserske Landsknechten. Al yn 1500 wie der betizing oer it wurd en waard it ek wol stavere as Lanzknecht en yn ferbân brocht mei in Lanze, "lans".

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Landsknecht en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: