Lâningte fan Perekop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Lâningte fan Perekop. De reade lin jout de grins tusken de Krim en de Oblast Kherson oan.

De Lâningte fan Perekop (Oekraïnsk: Перекопський перешийок; transl.: Perekops'kyy pereshyyok; Russysk: Перекопский перешеек; transl.: Perekopskiy peresheek; Krim-Tataarsk: Or boynu) is in lâningte tusken it skiereilân Krim en it fêstelân fan de Oekraïne. It is neamd nei it plak Perekop dat op de lâningte leit. De streek is tusken de fiif en acht kilometer breed en leit tusken de Swarte See fan de See fan Azov.

De grins tusken de Krim-republyk en de Oblast Kherson rint troch it noardlik part fan de lâningte. De plakken Perekop, Armiansk, Suvorovo en Krasnoperekopsk lizze op de lâningte en der rint in kanaal troch de lâningte foar de wetterfoarsjenning foar it skiereilân fan de Krim.

Súdlik fan de lâningte sit in sâltôfsetting dy't fanâlds út wichtich wie foar de ekonomy fan it gebiet.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Troch it strategyske en ekonomyske belang fan de lizzing barden der troch de skiednis hinne in soad bluodderige fjildslaggen foar it feroverjen fan de Krim.

De Griken en de Krim-Tataren ûntwikkelen it gebiet. Oant de 15e ieu wie der in Genueeske hannelskoloanje. Yn 1783 kaam it gebiet ûnder it bewâld fan it Russyske Ryk, yn 1954 ûnder de Oekraïnske SSR en yn 1991 by de Oekraïne, dêr’t it no noch by heard.

Yn de tiid fan de Russyske Boargeroarloch fûn der yn 1920 in beskiedende slach plak tusken it Reade Leger en de Witen ûnder lieding fan Pjotr Wrangel, wêrby't it Reade Leger wûn en wêrnei't likernôch 140.000 minsken flechten oer de Swarte See nei Istanbûl. De Krim waard dêrop in Sovjetrepublyk.

Yn de Twadde Wrâldkriich hat it gebiet yn wichtige rol spile yn de ferovering fan de Krim troch de Deutsche Wehrmacht, dy’t tegearre mei it Roemeenske leger it troch it Reade Leger swier ferdigene gebiet oanfoel yn 1941. It Dútske 11e leger ûnder lieding fan Erich von Manstein ferovere it nei in bluodderige striid tusken 24 septimber en 27 oktober om dêrnei de rest fan de Krim relatyf snel yn te nimmen. Op 9 maaie 1944 werovere it Rede Leger it gebiet.

Keunst[bewurkje seksje | edit source]

De Sovjet-Oekraïnske filmmakker Ivan Kavaleridze makke yn 1930 in film mei de namme Perekop. En yn 1952 skreaun de Oekraïnske skriuwer en filosoof Oles Hontsjar in roman oer de boargeroarloch mei as titel Perekop.