Lân fan Heusden en Altena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Lân fan Heusden en Altena yn de 17e ieu

It Lân fan Heusden en Altena is in streek yn it noarden fan de provinsje Noard-Brabân. De streek wurdt begrinze troch de Merwede yn it noarden, de Ofdamme Maas en de Heusdenske Maas yn it easten, de Biesbosch yn it westen en de Bergsche Maas yn it suden. It grutste plak yn it gebiet is Werkendam. Woudrichem is histoarysk it wichtichste plak.

It gebiet bestiet út de trije gemeenten Woudrichem, Aalburg en Werkendam. Der wurdt lykwols al jierren sprutsen oer ien gemeente Altena. Dy mooglikheid wurdt noch ûndersocht. Yn totaal wenje der 52.904 minsken (2003) ferspraat oer inkele tsientallen doarpen. It wie oant ± 1960 yn wêzen in eilân mei in isolearre libjende befolking. Lânskiplik foarmet it de fuortsetting fan it Gelderske rivieregebiet, benammen fan de oanswettende Bommelerwaard. De klaaigrûn wykt sterk ôf fan de yn Brabân mear fertroude sângrûn.

It Lân fan Heusden en it Lân fan Altena wurde sûnt de oanlis fan de Bergsche Maas yn 1904 yn ien siken neamd. De Bergsche Maas trochsnied it Lân fan Heusden, dêr't de súdlike "benedendoarpen" fan en ek Heusden sels har dêrnei mear op de rest fan Brabân oriïntearjen gien binne. Dizze falle dus bûten it Lân fan Heusden en Altena. De histoaryske grins tusken de eardere hearlikheden Heusden en Altena ferrint noardlik fan Veen en Babyloniënbroek en eastlik fan Dussen. Beide gebieten komme beide fuort út it midsieuske goa Teisterbant, Kleefs waarden, dêrnei de 14e resp. 13e ieu Hollânsk en pas oan it begjin fan de njoggentjinde ieu Brabânsk. In opmerklik ferskil mei de rest fan Noard-Brabân is dan ek de sterk protestantske ynslach fan it gebiet.