Lân Wûrsten
It Lân Wûrsten is in histoarysk gebiet tusken Bremerhaven en Cuxhaven.
Yn it jier 1517 ferlear it Lân Wûrsten syn Fryske frijheid. Yn de Slach by it Wremer Djip fan 1517 stoar flaggedraachster Tjede Peckes. Sawat oant 1700 ta hawwe de Wûrstfriezen dêr noch (foar in part) Wûrstfrysk praat. Dêrnei waarden it Platdútsk en foaral it Heechdútsk de talen yn it Lân Wûrsten.
Hjoed heart dizze histoaryske regio by de Samtgemeinde Land Wursten yn de Landkreis Cuxhaven. De Samtgemeinde Land Wursten waard op 1 maart 1974 foarme en bestiet út de sân gemeenten Cappel, Dorum, Midlum, Misselwarden, Mulsum, Padingbüttel en Wremen. It toerisme is fan grutte betsjutting yn it Lân Wûrsten. Yn Wremen en Dorum binne der treinhaltes op de spoarferbining Bremerhaven-Cuxhaven.