Krobbe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Krobbe
Porcellio scaber - male front 2 (aka).jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Arthopoda (lidpoatigen)
Famylje:
soarte
Oniscidea

Krobben (Oniscidea) binne in ûnderoarder fan Lidpoatigen dy't hearre ta de kreefteftigen (Crustacea). Yn Nederlân komme 31 op it lân libjende soarten foar.

Anatomy[bewurkje seksje | edit source]

It bistke is ûngefear 16 mm lang en bestiet út sân segminten mei oan elk segmint twa poaten. De rêchkant is in bytsje platbol en de búkside plathol. De kop en it efterliif binne lyts en it boarststik is yn ferhâlding hiel grut. It boarststik fan de krobbe bestiet út in oantal hurde, inoar oerlaapjende platen dy't de krobbe beskermje. Op de kop sitte twa lange fielteisters mei dêrboppe de eagen, dy't út meardere lytse eachboltsjes bestean. Oan de ûnderkant fan it kopdiel sitte de kaken. De krobbe hat foar it sykheljen krektas fisken kieuwen. Dy sitte oan de efterste poaten.

Leefomjouwing[bewurkje seksje | edit source]

Oarspronklik komme de krobben yn'e see foar, mar libje ek yn swietwetter. In lytse groep, de lânkreeftkes, hat de see ferlitten, mar harren kieuwen hâlden. De út aaikes kommende jongen bliuwe yn de briedbûdel tsjin'e boarst fan de wyfkes sitten oant se folgroeid binne.

Soarten[bewurkje seksje | edit source]

De soarten kinne nei harren gedrach en foarm yn fjouwer groepen yndield wurde. Der binne soarten mei in brede en mei in platte foarm dy't har oeral oan fêstgripe. Dêrneist binne der soarten dy't har by oanreitsjen as in baltsje oprôlje. Der binne ek soarten mei in slanke foarm en lange poaten dy't by fersteuring hurd fuortrinne en der binne soarten dy't stadich weikrûpe.

De muorrekrobbe of kelderkrobbe (Porcellio scaber) is fanwege syn kieuwen dy't gau útdroegje te finen yn fochtige romten, ûnder stiennen en ôffal. De boppekant is egaal donker. Dizze krobbe libbet fan ôffallen blêden en dea hout en is dêrtroch wichtich foar de ôfbraak fan organysk materiaal.

De gewoane krobbe (Oniscus asellus) grypt him fêst en hat in grize boppekant, dêr't ljochte plakken op foarkomme.

Famyljes[bewurkje seksje | edit source]

Fotogalerij[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]