Kro-Magnonminsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Holleplasse fan in Kro-Magnonminsk
Ark fan de Kro-Magnon

De Kro-Magnonminsk is de beneaming fan in prehistoarysk minske út it Lette Paleolitikum wêr't yn West-Jeropa fossile resten fan fûn binne, brûk- en sierfoarwerpen fan stien, bonke en ivoar fûn binne, ferneamd nei har fynplak Cro-Magnon by Les Eyzies-de-Tayac-Sireuil yn de Frânske Dordogne. Soms wurdt de Kro-Magnonminsk oantsjutten mei de selsstannige ûndersoarte Homo sapiens diluvialis of cromagnonensis, mar de measte wittenskippers binne it der oer iens dat de Homo sapiens nea ûndersoarten hân hat en dat de Kro-Magnons "gewoane" moderne minsken wienen.

Oarsprong [bewurkje seksje]

De Kro-Magnon wie in lettere tiidgenoat fan de Neandertaler. Neffens argeologyske fynsten ferskynt er sa om-ende-by 40.000 jier ferlyn yn Jeropa. Anatomysk sjoen ferskilt er net fan de moderne minske, mar wol fan de Neandertaler dy't nei syn komst stadichoan seldsumer waard en úteinlik útstjerre soe.

De Kro-Magnon is bekend wurden troch fynsten yn ûnder oare Kro-Magnon, Aurignac en La-Madeleine. Hy wie de earste minsk dy't ôfbylden makke. Op rotswanden en yn grotten brocht er skilderings oan fan de bisten dêr't op jeie waard, ûnder oare grut wyld as wolhierige en de wolhierige noashoarn.