Kristlik-Demokratyske Uny

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) is in eardere Nederlânse politike partij, dy't oprjochte waard op 11 desimber 1926; it wie in gearfoeging fan inkelde protestantske lofts-pasifistyske groepen. De CDU wie in linkse protestantse partij ûntstien út de restanten fan de yn 1925 hast ferdwûne progressive protestants-kristlike partijen, sa as de Kristlik Sosjale Partij (Letter: Protestantse Folkspartij) en Kristlik Demokratyske Federaasje. De foaroanman fan de CDU wie de populêre Harm van Houten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste Twadde Keamerfertsjintwurdiger fan de partij waard yn 1933 keazen en dêrnei bleau der in CDU-fertsjintwurdiging yn de Twadde Keamer, oant de partij op 12 july 1941 troch de Dútse besetter ferbean waard. Fannijs oprjochte yn augustus 1945, is de CDU op 8 febrewaris 1946 opgien yn de Partij fan de Arbeid.

De partij helle yn't earstoan ien sit by de ferkiezingen, yn 1937 waarden dat twa.

De CDU wie pasifistysk, fersmiet de wapene lânsferdigening en wie fûl tsjin de ynternasjonale herbewapening. De partij wie tige sosjaal en hie in protte oanhing 6under lytse boeren en lânarbeiders (mei troch Harm van Houten). De partij neamde har net sosjalistysk, mar kin ûnder foarbehâld wol ta de sosjalistyske partijen rekkene wurde. De partij kearde har tsjin de polityk fan Hendrik Colijn en tsjin it yndividualisme. De partij wie rjochtsinnich-protestants en progressyf-sosjaal.

Nei 2 oktober 1936 wie it lidmaten fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân fanwege de grifformearde synoade ferbean om lid fan de CDU te wêzen.

Yn 1941 waard de partij troch de besetter ferbean, mar libbe dochs wer op nei de befrijing. Op 8 febrewaris 1946 gie de partij op yn de Partij fan de Arbeid, dêr't eardere leden as ds. Jan Buskes en Fedde Schurer fan harren sprekke dienen.

It partijblêd fan de CDU wie De Strijder, sûnt 1937 De Christen-democraat.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • H.J. Langeveld: Protestants en progressief. De Christelijk-Democratische Unie 1926-1946. Den Haag, 1988 (proefschrift).

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Repertorium Kleine Politieke Partijen (www.inghist.nl)
  • Geschiedenis van het socialisme in Nederland (H. de Vos)