Krikelbeampaazje

Ut Wikipedy
krikelbeampaazje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai echte lytse paazjes (Thecla)
soarte
Thecla betulae
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De krikelbeampaazje (Thecla betulae) is in flintersoarte yn it skaai fan de echte lytse paazjes (Thecla) út 'e famylje fan 'e reachwjukflinters (Lycaenidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter wurdt hieltiten faker sjoen yn tunen en parken. De grutste populaasjes libje op de Feluwe en yn Súd-Limburch. It is in honkfêste soart. De flinter hâldt fan krikelstrewellen, houtwâlen en boskrânen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Fljochtiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan begjin juny ôf oant ein septimber. Foaral tusken 5 oant 31 augustus. De flinters fleane altyd yn 1 generaasje.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 17 mm. De ûnderkanten fan de wjukken binne ljochtbrún oant oranje. De wyfkes hawwe op de boppekant fan de foarwjuk in oranje plak.

De rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 20mm lang wurde. It liif is wyteftich-grien mei tinne skeane streken op de flanken. It hiele liif is bedekt mei fine behierring. De kop is lyts en swart. De groei fan de rûp is yn it foarjier en foarsimmer.

De aaikes fan de flinter binne wyt en plat. Se binne foaral yn de winter te finen. Tusken okselblêden fan jong hout yn takken. It aai oerwintert.

De rûp fret krikelbeam, soms prommebeam en kersebeam.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]