Krasnodar
| Krasnodar | ||
| Reade plein Krasnodar | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 646.175 (folkstelling 2002) | |
| Oerflak | 860 km² | |
| Befolkingstichtens | 769,3 /km² | |
| Hichte | 25-30 meter | |
| Polityk | ||
| Lân | Ruslân | |
| Boargemaster | Vladimir Yevlanov | |
| Oar | ||
| Stifting | 1793, stedsstatus 1867 | |
| Webside | www.krd.ru | |
Krasnodar (Russysk: Краснодар) is in stêd mei sa’n 710.400 ynwenners ( 2006, census 2002: 646.175) yn it súdeasten fan Europeesk Ruslân, oan de rivier de Kûban. It is de haadstêd fan de regio (kraj) Krasnodar. Krasnodar leit op likernôchigt 1250 km fan Moskou en sa’n 80 km noardeast fan de Swarte See-haven Novorossiysk.
Skiednis [bewurkje seksje]
De stêd waard yn 1793 stifte as Kozakkenfesting as ûnderdiel fan de ferdigening fan de grins mei it Ottomaanske Ryk. De festing krige de namme Jekaterinodar, "Geskink (dar) fan Katarina (jekaterino)" (dat is Katarina de Grutte). Yn de 19e ieu ûntjoech de stêd him ta in wichtich hannelssintrum yn Súd-Ruslân en waakste de befolking bot.
Yn de Russyske Boargerkriich keazen in protte Koeban-Kozakken de kant fan de anti-bolsjewistyske Witen. Yn desimber 1920 waard de stêd omdoopt yn Krasnodar (krasno betsjut 'read'). Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 beset troch de nazi's. De stêd rekke swier skansearre en waard nei de oarloch fannijs opboud.
Ekonomy en ûnderwiis [bewurkje seksje]
Krasnodar leit yn in tige fruchtber lânbougebiet (swarte ierde), wat as meast noarlike regio yn de wrâld ek tee produsearret. In protte yndustry yn de stêd hat te krijen mei de lânbou, sa as fiedselferwurking en poroduksje fan lânboureau. De stêd hat in grut tal ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr’t de de Koeban-Steatsuniversiteit (KoebGOe, stifte yn 1920) en de Koeban-Steatslânbou-universiteit (KGAOe, de grutste fan Ruslân, stifte yn 1922) de wichtichste fan binne. Teffens binne der oaljeraffinaderijen.
Partnerstêden [bewurkje seksje]
- Ferrara (Itaalje)
- Karlsruhe (Dútslân), sûnt 1997
- Tallahassee (FS)
- Burgas (Bulgarije)
- Harbin (Sina)
- Poltawa (Oekraïne
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krasnodar fan Wikimedia Commons. |