Korrektive ferkrêfting

Ut Wikipedy

Korrektive ferkrêfting is in haatmisdriuw yn 'e foarm fan in ferkrêfting, wêrby't almeast in lesbyske frou mei geweld of op in oare manear tsjin har wil twongen wurdt ta seksuële mienskip mei ien of mear heteroseksuële manlju, dy't beweare har op dy manear "genêze" te wollen fan har homoseksualiteit. Ditselde komt ek wol, sij it minder faak, yn omdraaide foarm foar, wêrby't in homoseksuële man ferkrêfte wurdt troch ien of mear heteroseksuële froulju. It is de fraach oft de dieders fan sokke ferkrêftings harren eigen bewearings, dat sa'n behanneling homo's yn hetero's feroarje kin, wol echt leauwe; it liket earder in besykjen om 'e slachtoffers te twingen harren mear te konformearjen oan 'e besteande, tradisjonele rolferdieling fan 'e geslachten yn in beskate maatskippij of kultuer, of om harren te straffen foar it ôfwiken dêrfan.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Korrektive ferkrêfting waard foar it earst yn 'e njoggentiger jierren yn Súd-Afrika identifisearre. Sûnt hawwe har ek gefallen foardien yn Simbabwe, Tailân en Ekwador, mar yn Súd-Afrika, dêr't ek de namme foar dizze misdie betocht is, komt it noch altiten fierwei it meast foar. Korrektive ferkrêfting en it dêrmei mank geande gebrûk fan geweld hat yn Súd-Afrika ûnder slachtoffers laat ta lichaamlike ferwûnings en skeinings, psychyske trauma's, ynfeksje mei HIV en AIDS, en ûnwinske swier-reitsjen. Dêrnjonken hat it yn beskate gefallen bydroegen ta selsmoard. Fierders oerlibje guon slachtoffers de ferkrêfting yn it foarste plak al net.

It bekendste slachtoffer fan korrektive ferkrêftgin wie de 31-jierrige fuotbalspylster Eudy Simelane, de stjer fan it Súdafrikaanske nasjonale frouljusfuotbalalftal Banyana Banyana, en ien fan 'e bekendste homorjochte-aktvisten fan it lân. Hja waard op 28 april 2008 yn har wenplak KwaThema, by Jehannesburch, ûntfierd, troch in groepke manlju ferkrêfte en fermoarde.

Korrektive ferkrêfting bliuwt trouwens net beheind ta lesbiënnes en homo's. Sa komt neffens de aseksuële aktiviste en blôchster Julie Decker yn Súd-Afrika korrektive ferkrêfting fan aseksuële persoanen geregeldwei foar. Yn in fraachpetear fertelde se hoe't se sels troch in man seksueel lestich fallen en oantaast wie, dy't bewearde dat er it foar har eigen goederbêst die.

Bestriding en statistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Korrektive ferkrêfting wurdt ûnder de Súdafrikaanske wet net erkend as in haatmisdriuw, nettsjinsteande it feit dat de Súdafrikaanske Grûnwet stelt dat gjin inkele ynwenner fan it lân diskriminearre wurde mei op grûn fan maatskiplike status of persoanlike identiteit, wêrby't seksuële oriïntaasje spesifyk neamd wurdt. Hoewol't homo's en lesbiënnes yn Súd-Afrika in wiidweidige wetlike beskerming genietsje, en Súd-Afrika de earste (en oant no ta iennichste) Afrikaanske steat is dy't it homohoulik legalisearre hat, binne anty-homoseksuële gefoelens ûnder de Súdafrikaanske befolking oan it tanimmen, en docht it regear net folle oant neat om dat te kearen.

Neffens ûnoffisjele statistiken, opsteld troch non-profitorganisaasjes dy't opkomme foar de rjochten fan homo's en lesbiënnes, wurde yn Súd-Afrika eltse wike mear as 10 lesbiënnes ferkrêfte, itsij troch inkelingen, itsij troch groepen manlju. Der wurdt rûsd dat jiers teminsten 500 lesbiënnes it slachtoffer wurde fan korrektive ferkrêftings. Yn 'e offisjele statistiken wurdt lykwols gjin ûnderskie makke tusken korrektive ferkrêftings en oare soarten ferkrêfting. Boppedat dogge lesbiënnes faker net as al oanjefte by de plysje, mei't se dêr fanwegen harren seksuële oriïntaasje yn 'e regel ek net op in protte sympaty hoege te rekkenjen. Sadwaande is it tal korrektive ferkrêftings perfoarst folle heger as dat it op grûn fan it tal oanjeften liket.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.