Konvinsje fan Bern (1979)

Ut Wikipedy

De Konvinsje fan Bern is in ynternasjonale oerienkomst oer it behâld fan yn it wyld foarkommende biste- en plantesoarten en de natuerlike habitats yn Europa, oer de lânsgrinzen hinnen, dy't dêrby hearre. Apart omtinken wurdt bestege oan kwetsbere soarten en oan soarten dy't mei útstjerren bedrige wurde, mei ek de trekkende soarten.

It ferdrach is in inysjatyf fan de Rie fan Jeropa. De lidsteaten fan de Rie fan Jeropa en de oare ûndertekeners ferklearje yn dit ferdrach dat sy meiïnoar gearwurkje wolle op it mêd fan behâld fan de natuer.

It ferdrach is ûndertekene troch de lannen fan de Rie fan Europa en dêrneist troch de Europeeske Uny, Monako, Boerkina Faso, Marokko, Tuneezje en Senegal.