Kollumerpomp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kollumerpomp
Flagge fan Kollumerpomp Wapen fan Kollumerpomp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kollumerpomp
Gemeente Kollumerlân
Ynwennertal (2007) 448
Webstee Webstee Kollumerpomp

Kollumerpomp ek wol koartwei De Pomp neamd is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân.

Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om 1315 hinne oanleine âlde dyk dy't yn 1529 in slieperdyk waard doe't om it Nijkrúslân in nije dyk oanlein waard. Dêrnei is der bebouwing kaam yn de buert fan de yn de 15e ieu oanleine dûker yn' e dyk (de pomp). Kollumerpomp hat hiel lang in buorskip west fan Kollum, mar hat tsjintwurdich de status fan doarp. De bebouwing ûnstie yn it begjin benammen oan de súdkant fan de dyk, mar nei de oarloch wreide it doarp him benammen oan de noardkant fan de dyk út.It Pompster Ryd rint troch it doarp.

[bewurkje seksje] Gebouwen

Krekt boppe Kollumerpomp leit it rekreaasjegebiet Kollumeroard.

[bewurkje seksje] Taal

Yn De Pomp wurdt in Nedersaksysk Grinslanner dialekt sprutsen dat in soad Fryske ynfloeden hat. It Pompstersk wurdt noch sprutsen troch in 200 minsken en wurdt sterk mei útstjerren bedrige.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarpshûs fan Kollumerpomp hjit It Trefpunt, 'De Wegwijzer' is de kristlike skoalle fan it doarp.

Internet-web-browser.svg 53° 18' NB, 6° 11' EL
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kollumerpomp fan Wikimedia Commons.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen