Kokswijk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kokswyk)

Kokswijk is in gebiet yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It leit direkt beëasten Sânhuzen oan de lykneamde wyk. Kokswijk wurdt rekkene ta Sânhûzen.

De streek einiget by de provinsjegrins mei Drinte, dêr't Nij-Roan begjint. De namme fan de streek is ôflaat fan de eigennamme Kok. Dit soe in ferfeanter west hawwe dy't de turf hjir ôfgroeven hat.