Kof

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kof(fe)

In kof of koffe of kofskip is neffens de Grutte Van Dale een "sylskip foar binnen- en kustfeart mei in rûne foar- en efterstjûne, platte boaiem, meast twa mêsten, sûnder swurden, in soad lykjend op in smak".

It meast typysk oan in kof is dat se in fege ûnderwetterskip hie, wat werom giet op de bouwize fan de kogge en ewers; ek hiene se mear seech. De lytsere kofskippen oant sa'n 12 meter, dy't op it binnenwetter en op it Waad farden, hiene lykwols wol swurden om't in kyl djipper stiek wat bygelyks swierrichheden jaan soe by droechfallen.

De grutte mêst wie sawol fjouwerkant as langskipsk (grutseil) optuge.

De grutte koffen oant sa'n 28 meter hiene in bezaansmêst efter de roef. Se waarden fral brûkt foar de hannel op de Eastsee. Ut de lannen om dy see helle men nôt, fisk en hout. Dit guod waard ferkocht oant yn Súd-Frankryk. As retoerfracht waard faak wyn meinomd.

Tusken ±1800 en ±1870 berikte de kustfeart mei it kofskip syn hichtepunt.

It wurd is ek bekend fan it taalkundige ezelsbrechje 't Kofschip.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]