Kodeks Aleksandrinus

Ut Wikipedy
Kodeks Aleksandrinus Lukas 12:54-13:4

De Kodeks Aleksandrinus (Londen, British Library), Codex A (02) is in Gryksk bibelhânskrift út de 5e iuw. It hânskrift befettet sawat de hiele Bibel, nammentlik it grutste part fan de Septuagint (it Grykske Alde Testamint) en it Nije Testamint. Mei de Kodeks Sinaitikus en de Kodeks Fatikanus, is it ien fan de âldste en folsleine bibelse hânskriften. De kodeks is neamd nei Aleksandrje, dêr't it inkele jierren wie, foardat Grut-Brittanje it yn de 17e iuw yn hannen krige.

Ofkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is net bekend wêr't de Kodeks Aleksandrinus oarspronklik wei komt. In 13e of 14e-iuwske oantekening yn it (Arabysk) op de earste side tsjut op oanwêzigens yn Aleksandrje.[1] In 17e-iuwske notysje yn it Latyn op in skutblêd (oanbrocht by in opkreasbeurt) ferklearet dat it dokumint yn 1098 kado dien waard oan de patriarch fan Aleksandrje (donum dedit cubicuo Patriarchali anno 814 Martyrum), "mar dat hat likegoed in heal slagge besiking wêze kind om de Arabyske oantekening te ûntsiferen."[2] Yn 1621 waard de kodeks nei Konstantinopel brocht troch Cyril Lucar dy't earst patriarch fan Aleksandrje en letter patriarch fan Konstantinopel wie. Yn 1627 joech hy de kodeks kado oan kening Charles I fan Ingelân, sadat it diel útmeitsje gie fan de Royal Library, it British Museum en tsjintwurdich de British Library. Hast gie it ferlern by in brân yn Ashburnam House (de Cotton library) op 23 oktober 1731. Gelokkich koe it troch dr. Bentley, de bibliotekis, út de brân rêde wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

Fuotnoat:

  1. McKendrick, Scot "The Codex Alexandrinus: Or the dangers of being a named manuscript" in The Bible as a Book: The Transmission of the Greek text ed. S. McKendrick & O. A. O'Sullivan; London: British Library & New Castle, 2003
  2. ibid. p8